Iepenloftspul Cupido yn Brantgum
Brantgum spilet yn 2011 wer in iepenloftspul: Cupido. It stik is ek dizze kear skreaun troch Baukje van Hijum. It wurdt regissearre troch André Beeksma fan Easternijtsjerk…
Brantgum spilet yn 2011 wer in iepenloftspul: Cupido. It stik is ek dizze kear skreaun troch Baukje van Hijum. It wurdt regissearre troch André Beeksma fan Easternijtsjerk, mei assistinsje fan Anneke Bilker. De muzyk wurdt fersoarge troch Marjan Fennema.
It ferhaal giet oer in frou (Ludwine) yn in lyts doarpke op ‘e Fryske klaai, dêr’t it ûnderskied tusken leafde en lust ferdwûn is. Se moat dêrby goed oppasse foar de gefaarlike ‘Erositen’, dy’t de minskewrâld yn ‘e greep hâlde. Yn de minskewrâld is de striid tusken leafde en lust goed te fernimmen en rinne de emoasjes heech op.
De fraach dy’t oan de ein fan it stik hingjen bliuwt is: hawwe de goaden ynfloed op it leafdeslibben of kinne de minsken har sels rêde? Cupido is in stik dat de minsklike tekoarten net út de wei giet, mar is tagelyk in stik mei faasje wêryn ’t hieltyd wat te sjen en te belibjen is. Sa’n tachtich minsken komme yn ’t spier: spilers, figuranten, minsken fan de katering, ensafierder. It stik wurdt spile op 25 en 29 juny en 1 en 2 july 2011.
De audysjes binne op 20 novimber, at der noch minsken binne die’t meispylje wolle, kin harren opjaan by tzuidema@hotmail.com
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.