Iepenloftspul Harkema spilet ?Simke? yn septimber 2011
De Stifting Iepenloftspul Harkema sil yn septimber 2011 by De Spitkeet yn Harkema it libbensferhaal fan de Fryske skriuwster Simke Kloosterman oer de fuotljochten bringe.
De Stifting Iepenloftspul Harkema sil yn septimber 2011 by De Spitkeet yn Harkema it libbensferhaal fan de Fryske skriuwster Simke Kloosterman oer de fuotljochten bringe. Simke waard op 25 novimber 1876 berne yn Twizel. Dêr is se nei har dea op 5 desimber 1938 ek begroeven. Simke skreau yn 1921 de earste Fryske Roman: De Hoara’s fan de Hastings, dat ek bewurke waard ta in Iepenloftspul.
Op dit stuit wurdt de leste hân oan it stik lein troch skriuwster Baukje van Hijum út Ryptsjerk. Sy skreau trije jier lyn ek it suksesfolle ‘Tabak!’oer it libben fan musikant Durk Tabak. It idee om oer Simke Kloosterman’s libben, en bynammen oer har syktocht nei leafde en frijhyd, in stik te meitsjen komt fan regisseur Tineke Broers út Burgum. Yn de tarieding hawwe skriuwster en regisseur help hân fan Gerda van der Wijk, dy’t de lêste jierren troch Fryslân reizge mei in lêzing oer Simke’s libben. De musyk yn de foarstelling wurdt lykas by Eije Wykstra (2005) en Tabak (2008) makke en útfierd troch Nanne Kalma en Ankie van der Meer fan Burgum. Tineke Broers wurdt yn har regy bystien troch Rita Wijnsma fan Bûtenpost.
‘Simke’ wurdt opfierd op 12 (try-out), 13 (première), 16, 17, 20 en 23 september 2011 op it terrein fan Themapark De Spitkeet op ‘e Harkema. De audysjes sille plakfine yn jannewaris, dêroer folget letter mear nijs.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.