INGEZONDEN: Beëiniging gearwurking Noardeast-Fryslân: Amtlike fúzje mislearre · Foto('s): RTV NOF
  RTV NOF

INGEZONDEN: Beëiniging gearwurking Noardeast-Fryslân: Amtlike fúzje mislearre

donderdag 02 december 2021

DE WESTEREEN – Myn persoanlike miening is dat dit spitigernôch it ein fan ús gemeente Dantumadiel betsjut. Spitigernôch, om’t in diel fan de gemeenteried, om it noch myld te sizzen, net de wiiste kar makke hat en him ek net altyd konstruktyf opsteld hat. Mei kar doel ik ûnder mear op it beslút fierder te gean sûnder in eigen amtlike organisaasje. As riedslid ha ik doe destiids dúdlik oanjûn dat Dantumadiel nettsjinsteande de driigjende foarsizzings, fan net genôch bestjoerskrêft te hawwen, wol sterk genôch wie om fierder te kinnen mei de eigen amtners en gearwurking op dy terreinen wêr wy eventueel yn de problemen soene komme kinne.

De FNP wie de iennige partij dy útroppen hat de gemeente hâlde te wollen lykas it wie. Dúdlik posysje dus tsjin de komst fan de amtlike fúzje. De risiko’s fan it jildferslinend trajekt, de oanstjoering troch meardere kolleezjes en in grutte kâns op ta beslút in fiasko. Ik ha noch warskôge foar it ûntstean fan in “ambtelijk gedrocht”. Op dat momint wie it stânpunt fan de FNP dúdlik: gjin amtlike fúzje, dan mar nei ien gemeente yn Noardeast-Fryslân! De bestjoerlike fúzje. Spitich genôch besleat de mearderheid dochs te kiezen foar in amtlike fúzje. Fan dat karmomint ôf hat de FNP hieltyd besocht der dochs wat fan te meitsjen en hat him dêrom hieltyd konstruktyf opsteld. No jierren letter blykt dat myn tryste foarsizzing dochs werklikheid wurden is en de gemeente Noardeast-fryslân de stekker der útlutsen hat. Yn it parseberjocht waard meld dat de beëiniging troch de beide partijen ôfpraat wiene, hokker yn myn eagen, pertinint net wier is. It kolleezje fan Dantumadiel wie folslein ûnoangenaam ferrast troch de oankundiging. Persoanlik bin ik troch dit beslút net ferrast. De negatyfiteit dy mei namme de partijen (hokker keazen hawwe foar de fúzje) útstrielden rjochting de amtlike organisaasje en de gemeente Noardeast-Fryslân, hat gjin positive rol spile. Foar Noardeast-fryslân wie it mei modder smiten wol sêd tink ik.

Oant myn fernuvering wie de grutte oanfierder fan de koälysjepartijen, de hear Romke Postma, fan miening wol bliid te wêzen mei de úntstiene situaasje. Hy tinkt dat Dantumadiel samar in moderne, slachfeardiche en wendbere eigen amtlike organisaasje opbouwe kin. Hy wol op ûnderdielen de gearwurking sykje mei oare gemeenten en oerhiedsorganisaasjes. Ik bin net sa bliid mei de ûntstiene situaasje en ha dus in hiel oare miening. Neffens my is de kâns op súkses hjirfan folslein nihyl, in utopy dus. Nammentlik wêr fynsto hjoeddeis foldwaande en ek noch kwalitative amtners om dy organisaasje stal te jaan. Ek sille oare organisaasjes net mei iepen earmen op Dantumadiel sitte te wachtsjen. Ek sille der wierskynlik nedige materialen, weinpark, ict, ensfh. oernommen of op ‘e nij oankocht moatte wurde. Hoe komt it mei de húsfêsting? Dit aventoer sil in soad jild kostjen gean. Ek fanwegen de minimale finansjele mooglikheden fan Dantumadiel is it gjin helbere kaart. Wy meie ús boargers hjir yn elk gefal net foar betelje litte.

Hoe moat it no dan wol?

Yn elk gefal is it no dus net mear mooglik werom te gean nei it troch de FNP yn it ferline winske selsstannige Dantumadiel mei in eigen organisaasje. Dizze kâns is al lang foarby en is no echt gjin opsje mear. Neffens my is no de iennichste realistyske oplossing de ferhâlding mei Noardeast-fryslân ferbetterje en mei-inoar de wei te plaveien nei in fúzje. Nei ien wurkjouwer mei in grut part deselde organisaasje. It foar in part ynkrimpen fan de organisaasje en it fierder gean mei ien kolleezje en ien rie leveret in moai finansjeel foardiel. It opheffen fan Dantumadiel sil foar har boargers ûnderwilens gjin grut ferlies mear wêze. Belied en belestingdruk lykje ûnderwilens al nijsgjirrich lykweardich. Dantumadiel is op strjitte ek al omtrint net mear werkenber troch it oerhearskjende Noardeast-Fryslân logo. Dêrby komt gemeente Dantumadiel de lêste jierren net altyd sa posityf yn byld. Net om grutsk mear op te wêzen. Enerzjy stekke yn it ûndersykjen fan de opsjes fan bygelyks weryndielen of it opnij útfinen fan Dantumadiel is neffens my fuortsmiten tiid en jild.

De takomst fan Dantumadiel sil fansels in wichtich item wurde by de kommende gemeenteriedsferkiezings yn maart 2022. Ik hoopje dat der no wol in goede kar makke wurde sil. Stimme op de FNP sil dêrby yn elts gefal oan bydrage.

Jerrit Sjoerd de Bruin

Âld-fraksjefoarsitter FNP Dantumadiel

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
INGEZONDEN: Beëiniging gearwurking Noardeast-Fryslân: Amtlike fúzje mislearre · Foto('s): RTV NOF
  RTV NOF

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?