INGEZONDEN: Dantumadiel foarbyldgemeente
DAMWALD – Dantumadiel is noch de iennichste gemeente yn Fryslân, dêr’t de winkels op snein ticht binne. Okkerdeis is dêr lykwols de koalysje klapt en in nije koalysje soe wolris de ein fan de sneinsrêst betsjutte kinne. Sjoen de hjoeddeiske swierrichheden yn ús lân allinne al op it mêd fan klimaat, persoanielskrapte en folkssûnens liket my in feroaring net winsklik.
De problemen mei stikstof, útstjit fan CO-2, krapte oan elektrisiteit begjinne ommers hyltyd swierder te weagjen. Mei in sneinsiepening fan winkels meitsje je dy problemen bepaald net lytser, mar krekt grutter. Boppedat…de guodkeapste foarm fan enerzjybesparring is noch altiten de enerzjy, dy’t je net brûke.
Yn hast alle sektoaren is de fraach nei persoaniel grutter as it oanbod. Dat is hiel maklik foar in part op te lossen, as de wykroasters net foar sân, mar foar seis dagen ynfolle hoege te wurden. Ut ferskate ûndersiken (ûnder oare fan it RIVM) docht bliken, dat benammen de lêste jierren troch tanimmende wurkdruk hyltyd mear minsken útfalle troch oerspandheid, stress as in komplete burn-out. Soe net it stadichoan weifallen fan ien kollektive frije dei yn hast alle gemeentes dêr mei te krijen hawwe?
It wolwêzen fan de minske soe foarop steld wurde moatte en net langer de omsetsifers fan de supermerken en oare (ynter)nasjonaal wurkjende winkelketens. Want de fraach oan en de druk op de gemeente kom dêr wei. Net fan de “gewoane” winkelman/frou as it lytse famyljebedriuw. Koartsein: Dantumadiel hâldt fêst oan de sneinsrêst. Jim binne dêrmei net efterlik, mar rinne sa just foarop. Foar oare gemeentes yn Nederlân binne jim in gouden foarbyld.
Harm Wesseling
De Tike
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.