INGEZONDEN: De FNP op toer mei boukeet troch Noardeast-Fryslân
NOARDEAST-FRYSLAN – De kommende twa wykeinen lûkt de FNP mei in boukeet troch Noardeast-Fryslân. Yn de boukeet wol de FNP yn petear gean mei ynwenners oer wenjen, mienskip, enerzjy, ekonomy, ûnderwiis en kultuer.
De FNP set him yn foar leefbere doarpen en stêden: wenten dy’t passe by aard, skaal en karakter fan de mienskip, sterke mienskippen, skjinne enerzjy dy’t elkenien te’n goede komt, tagonklik ûnderwiis-, sport- en kultueroanbod, en in ekonomy en toerisme dy’t by de regio passe. Elkenien is wolkom om mei te tinken en te bouwen oan it moaie Noardeast-Fryslân fan hjoed en moarn. De kofje stiet klear!
De planning:
Sneon 7 maart
9:00-10:00 Holwert, by de supermerk
10:30-11:30 Ternaard, by de supermerk
12:00 – 13:00 Easternijtsjerk, by de supermerk
13:30 – 14:30 Eanjum, by de supermerk
15:00 – 16:00 Kollumersweach, by it doarpshûs (de Trije Doarpen)
Freed 13 maart
11:30 – 12:30 Kollumerpomp, by it it doarpshûs (Trefpunt)
13:00 – 14:00 Kollum, biblioteek
14:15 – 15:15 Kollum, by de supermerkten
15:45 – 16:45 Mûntsjesyl, by it doarpshûs (De Schans)
Sneon 14 maart
9:00 – 10:00 Ferwert, by it Frijhof
10:30 – 11:30 Marrum, by de supermerk
12:00 – 13:00 Hallum, by de supermerk
13:30 – 14:30 Burdaard, by It Spektrum
15:00 – 16:00 Dokkum, by de Zijl
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.