INGEZONDEN: FNP Dantumadiel wol ferienings belûke by it wikseljen fan de nije konteners

za. 21 november · 12:212020 · 12:21 · RTV NOF

DAMWALD – Oankommende tiisdei sil yn de gemeenteried fan Dantumadiel debattearre wurde oer de oanskaf fan nije ôffalkonteners. Riedslid Ferry van der Ploeg fan FNP Dantumadiel sil oer dit ûnderwerp in moasje yntsjinje om it omwikseljen fan de konteners útfiere te litten troch de ferienings út de gemeente.

RTV NOF

Yn it riedsfoarstel fan it kolleezje wurdt der in bedrach beskikber steld dat normaal sprutsen nei Omrin giet foar it omwikseljen. Mei it each op de hjoeddeistige ûntwikkelings yn dizze tiid is it neffen de FNP in moai foarbyld fan oerhiedspartisipaasje om de ferienings derby te belûken. It is dan ek de bedoeling om it beskikbere bedrach ta te skikken oan de dielnimmende ferienings.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.