INGEZONDEN: FNP heeft kritiek op toeristische campagne ‘Noordoost Friesland, het einde van de wereld’
NOARDEAST-FRYSLAN – De FNP Noardeast-Fryslân is bot skrokken fan de filmkes en úterings dy’t yn it ramt fan in brede reklamekampanje mei de regiomarketeer (RMT) en Merk Fryslân as oerkoepelend orgaan koartlyn ferskynden. Yn de kampanje wurdt de Fryske taal meden en krekt dien of leit Noardeast-Fryslân oan de ein fan de wrâld. Dêrneist wurde streeknammen konstruktyf ferhollânske. Noardeast-Fryslân wurdt Noordoost-Friesland en Fryslân wurdt Friesland. De toerist dy’t hjirhinne moat kin him neffens de webside mar klearmeitsje foar in barre tocht en moat it koelboks mei iten en drinken meinimme.

Mienskipsjild
Merk Fryslân en de dêrby hearende Stifting Regiomarketing (RMT) wurde betelle mei provinsjale en gemeentlike sinten, “dan meie wy der ek wat fan ferwachtsje,” fynt riedslid Aant Jelle Soepboer. De FNP fraksje fan Noardeast-Fryslân tsjinne fannemiddei in list mei skriftlike fragen yn by it kolleezje oer de kwestje en wol de kampanje bystjoere.
Selsbetrouwen
De FNP fraksje soe leaver sjen dat de kampanje mei mear selsbetrouwen stal jûn wurdt. ‘’Werom moatte stereotypen fan Fryslân sa bekrêftige wurde wylst wy san soad moais te bieden ha’’ Seit wurdfierder Soepboer. De fraksje hoopt dat it Kolleezje fan Noardeast-Fryslân ynkoarten yn petear giet mei de stifting en Merk Fryslân.
Sijbe Knol van de FNP in No yn Fryslân bij Omrop Fryslân:
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.