INGEZONDEN: FNP-leden kieze Sijbe Knol as listlûker en kandidaat-deputearre

di. 6 oktober · 08:55 · FNP Fryslân

IT HEARRENFEAN –  Sijbe Knol (35) fan Berltsum is freed mei algemiene stimmen keazen as listlûker en kandidaat- deputearre foar de FNP. Dat barde op in drok besochte ledegearkomste yn It Hearrenfean. Knol is de FNP-deputearre sûnt 2023. Ek de oare kandidaten foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten krigen de stipe fan alle oanwêzige 96 leden.

Ingezonden

De top 10 bestiet fierder út:

2. Dinie Visser (51) fan Snits
3. Ate Bouma (23) fan Ferwert
4. Sita Land-Dotinga (35) fan Surhuzum
5. Tjitte Hemstra (29) fan Reduzum
6. Doutsen Krol (53) fan Boalsert
7. Jochum Meester (40) fan Sint Jânsgea
8. Martijn Kingma (28) fan Burgum
9. Frank de Boer (51) fan Ljouwert
10. Anke Bijlsma (55) fan Nes (NEF)

Van der Goot kandidaat-senator

De leden keazen Auke van der Goot fan Grins as kandidaat-senator. Dat betsjut dat hy kâns makket op in twadde perioade yn de senaat (Earste Keamer). Van der Goot (74) is sûnt 2023 al Earste Keamerlid. Hy is fierder lid fan it Benelux Parlement en ûnderfoarsitter fan de kommisje Finânsjes en Mobiliteit. De oare kandidaat wie de 55-jierrige Durk Krol fan Brussel.

De FNP wurket gear mei oare provinsjale en lokale partijen yn it lân. Foar dit platfoarm OPNL (Onafhankelijke Politiek Nederland) sit FNP’er Van der Goot yn de Earste Keamer. Hy wurdt no op ’e nij troch de FNP foardroegen oan de Lederie fan OPNL. Oare partijen yn it lân komme ek noch mei kandidaten. OPNL hat in lanlike kampanje opset mei as doel foar it earst mear as ien sit te heljen yn de senaat. Leden fan de Earste Keamer wurde úteinlik keazen troch de Steateleden yn alle provinsjes.

Wetterskip Fryslân: Bert Vollema

De leden keazen foar it earst ek in kandidaat foar it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Dat waard Bert Vollema (57) fan Tsjom. Hy wie al foardroegen as listlûker, mar de leden keazen him ek as kandidaat foar it DB fan it Wetterskip. Ald-deputearre Klaas Fokkinga (72) fan Nes (NEF) wie de oare kandidaat.

Vollema is op dit stuit foarsitter fan de Wetterskipsfraksje en fan de FNP-fraksje yn de gemeenterie fan Waadhoeke. Twadde op ’e list stiet Anneke Hylkema (56) fan Aldegea (SWF) en tredde Trijntje Albada (35) fan Murns.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.