INGEZONDEN: FNP wil voorrang voor eigen inwoners bij sociale huurwoningen

zo. 21 december · 11:432025 · 11:43 · FNP Noardeast-Fryslân

DOKKUM – De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat in moasje fan de FNP oannommen dy’t derop rjochte is om eigen ynwenners foarrang te jaan by de takenning fan sosjale hierwenten. Mei dizze stap wol de FNP de groeiende wenningkrapte foaral foar lokale wenning¬sikers better oanpakke.

RTV NOF | Ben de Jager

Yn Noardeast-Fryslân is in grut tekoart oan betelbere sosjale hierwenten. In soad ynwenners, benammen jongeren, starters en minsken dy’t trochstreame wolle, fine hieltyd dreger in passende wenning yn harren eigen doarp of stêd. Tagelyk binne der sinjalen dat in grut part fan de frijkommende wenten tawiisd wurdt oan minsken fan bûten de gemeente. Yn in tiid fan grutte wenningkrapte is it neffens de FNP net út te lizzen dat eigen ynwenners soms jierren wachtsje moatte, wylst oaren fan bûten de gemeente foarrang krije.

De FNP fynt it wichtich dat ynwenners safolle mooglik yn harren eigen omjouwing wenjen bliuwe kinne. Lokale bining draacht by oan leefberens, sosjale gearhing en it behâld fan foarsjennings yn doarpen en wiken. Mei de oannommen moasje wurdt it kolleezje oproppen om mei de wenningkorporaasjes yn petear te gean oer in foarrangsregeling foar ynwenners fan
Noardeast-Fryslân en minsken mei lokale bining. Spesjaal omtinken moat der wêze foar jongeren, starters en trochstreamers.

De FNP Noardeast-Fryslân is bliid mei de brede stipe yn de ried: “Mei dizze moasje sette wy in wichtige stap om ús eigen ynwenners wer perspektyf te jaan op in hûs yn de eigen gemeente. Wenje wêr’t wy wenje wolle!”

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.