INGEZONDEN: FNP wol minsken net fersûpe litte!
Meardere partijen hiene it by de ferkiezings yn harren partijprogramma, it swimdiploma A foar eltsenien, it finansjeel tagonklik hâlden fan goed swimûnderwiis foar alle minsken, benammen dy’t it finansjeel minder breed hawwe.
Meardere partijen hiene it by de ferkiezings yn harren partijprogramma, it swimdiploma A foar eltsenien, it finansjeel tagonklik hâlden fan goed swimûnderwiis foar alle minsken, benammen dy’t it finansjeel minder breed hawwe. Yn in gemeente as Noardeast-Fryslân, dêr’t wetter de kime kleuret, in fûneminteel ûnderdiel fan it ûnderwiis, neffens de FNP, dy’t op it ûnderwerp dúkte.
Doe’t bliken die dat troch de harmonisaasje de swimjilden yn it eardere Dongeradiel gâns heger wurden wiene útreden in min kommunisearre besûnigingsmaatregel op it Sosjaal Domein, luts de FNP fraksje oan de belle. Yn de riedsfergadering fan tongersdei 8 april2020 krigen hja dêr gelyk yn fan in grut tal oare partijen en fan it kolleezje sels. “It hie wol oars kinnen.”
De FNP is bliid mei de reaksje fan it kolleezje en wol it der net by sitte litte. “It kin dochs net sa wêze dat minsken mei in krappe beurs no gjin swimdiploma helje kinne, wy wolle de tûkelteammen foar minsken út it paad helje dêr’t it giet om it heljen fanin swimdiploma A, dat is it minste wat wy foar de bern hjir dwaan kinne!” Sa seit Lisette Akkerman, wurdfierder op dit ûnderwerp.
De FNP is no drok dwaande mei in oplossing foar it heljen fan it swimdiploma, faaks yn kombinaasje mei it skoalswimmen, dêr’t bern, âlden en swimbaden mei holpen binne. “De finansjele gefolgen foar de gemeentlike begrutting moatte wy hjirby ek net ferjittefansels, mar wy litte net ien fersûpe.”
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.