INGEZONDEN: FNP wol ynwenners foarsprong jaan op wenningmerk, gemeenteried beslút oars · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

INGEZONDEN: FNP wol ynwenners foarsprong jaan op wenningmerk, gemeenteried beslút oars

vrijdag 05 november 2021

NOARDEAST-FRYSLÂN – By de begruttingsfergadering fan de gemeente Noardeast-Fryslân tsjinne de FNP fraksje tegearre mei guon oare partijen in moasje yn om it kolleezje de opdracht te jaan mei feroarderings te kommen om te stjoeren op it grutte wentebouprobleem en dat op koarte termyn oan te pakken. “Wy moatte sa gau as mooglik bouwe yn ús doarpen en stêd om de jongerein dy’t hjir bliuwe wol in plak te jaan en te soargjen foar trochstream op ‘e merk. Dat betsjut yn elk gefal dat wy mei betelbere hûzen komme moatte en dat wy minsken mei in bining oan it gebied yn guon gefallen miskien wol foarrang jaan moatte.” Sa leit fraksjefoarsitter Bert Koonstra út. De FNP wol dit regelje mei ynstruminten lykas in húsfêstingsferoardering en mei erfpachtkonstruksjes dy’t meigroeie kin mei it lean fan de keaper en binnen de doelgroep ferkocht wurde moatte. Earder kaam de FNP al mei in oanfalsplan wenjen, dêr makke dizze moasje ûnderdiel fan út.

In mearderheid fan de ried kearde him lykwols tsjin de moasje. Sa frege de wethâlder har lûdop ôf oft der wol in probleem wie op de sosjale wenningmerk, gie de VVD der fan út dat de merke der sels wol wer mei rêde soe en jûch GemeenteBelangen oan minsken mei in sosjaal-ekonomyske bining oan it gebiet net yn guon gefallen yn de mjitte komme te wollen.

De FNP jout oan bot teloarsteld te wêzen dat safolle partijen wol prate wolle oer rânesaken mer gjin aksje doare te ûndernimmen op it wichtichste dossier fan dizze tiid. “Hja litte ús minsken yn de kjeld stean, de doarpen stean te springen, komme sels al mei plannen en krij nul op it rekest, alwer. Wy litte it hjir net by sitte.”

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
INGEZONDEN: FNP wol ynwenners foarsprong jaan op wenningmerk, gemeenteried beslút oars · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio