INGEZONDEN: Gjin geveltsje-Frysk
FEANWÂLDEN – Wa ken it net. Jo pakke in apparaat út en krije de gebrûksoanwizing. Jo eagen sykje daliks om in wurdbyld dat bekend is, Ingelsk, Dútsk en lokkigerwize gauris it Nederlânsk. De oare talen geane as in brij fan letters en somtiden in inkeld wurd oan jo foarby. 17 Desimber hawwe de Fryske Steaten besletten om op ús nije ferkears-buorden de dominante taal, it Nederlânsk, boppe it Frysk te setten. De nanosekonde fan it sykjen fan de harsens (brein) nei it goede wurdbyld soe de ferkearsfeiligens sa bedriigje dat rjochting de FNP swiere wurden as populisme en strideraasje oer taaleigendom troch dy deftige seal giene.
No weagje ik my as leek net oan útspraken oer de ferkearsfeiligens, mar it giet hjir mar om in fraksje fan in sekonde dy’t ús harsens nedich hawwe om it goede wurdbyld te sykjen.
Dan kom ik no oan de situaasje dy’t wy aansen krije. As it Frysk net boppe it Nederlânsk komt te stean, sille de harsens fan de twatalige-Fries mar twa of op syn heechst trije buordsjes nedich hawwe om te learen dat yn it Nederlânske sintsje boppe de taalstreek alle ynformaasje stiet dy’t er nedich hat. It Fryske sintsje heakket ommers neat mear ta en sil er net mear lêze.
Wy sitte aansen mei in provinsje fol dûbeltalige buorden wêrfan’t de ûnderste rigel nea lêzen wurdt, noch troch de Nederlanner, noch troch de Fries. In eardere deputearre brûkte gauris it begryp geveltsje-Frysk en ik slút my dêrby oan. Ik rop de Steaten dan ek op om ‘e hiele operaasje noch op halt te setten, ommers foar de Fryske taal hoege jimme it sá net te dwaan.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.