INGEZONDEN: Indianeferhalen op de kwelders
TERNAARD – It is tiisdeitejûn 7 april, noch gjin trije wiken nei de gemeenteriedsferkiesing mei in opkomst fan 55%. It betrouwen yn de oerhyd is net om fan hûs te skriuwen. Ik sit yn it doarpshûs Thunawerd yn Ternaard by in gearkomste oer de kwelder, dy’t mei opsichtige giele buordsjes ôfsletten wurdt troch Rykswettersteat: ”natuurgebied. Verboden toegang.”
De gearkomste hat net it karakter fan in petear, mar fan in meidieling. Ynwenners meie harren hert luchtsje, mar dat wurdt foar kundskip oannommen. De emoasjes rinne heech op en útspraken as ”jimme pakke ús achtertún ôf ” klinke troch de seal. Ik wie der as riedslid fan Noardeast-Fryslan net op útnûging, mar omdat ik der tafallich achterkaam dat dizze jûne yn sân hasten organisearre wie. Sa hastich dat wy fan romte feroarje moasten omdat Ternaarder Brassband Euphonia yn de seal dêrneist oefene en troch de preek hinne spile.
It fatsoen om de gemeente op’e hichte te bringen of in gaadlike jûn te kiezen, wie der net. Wêrom soene se ek, it Ryk is dochs baas?
Sûnt ôfrúne freed steane ferbodsboerden dus by de kwelders. Gjin útsûnderingen, gjin maatwurk, gjin oerlis. De natuerwearden soene efterút gien wêze. It soe lizze oan it behear fan de grûneigner (wetterskip) en minskelike aktiviteit wêr gjin data fan is. Dêr koe ik my foar in part yn fine. In asfaltearre strekdaam by it Skoar, liket my yndie gjin goed behear. It Ryk soe it Wetterskip oansprekke moatte en mei in plan komme om it behear te ferbetterjen, ynstee fan de ynwenners út te sluten. It Wetterskip seit lykwols dat it oer wetter giet en gjin natuerbehearder is. Dat fyn ik koart troch de bocht. Dêrneist ha ik fernaam dat se grûn wol ruilje wolle foar romte om harren diken te ferbreedzjen.
In nije eigner fan de kwelder soe Rykswettersteat wurde kinne, mar it liket derop dat men der ûnderling noch net út is. Handsjeklap oer de rêch fan ynwenners fan Ternaard, Wierum, en aanst Paesens en Blije? En wat mear? It hat der alle skyn fan dat twa oerheden der net útkomme en dat de ynwenners de dupe wurde. Heit en mem hawwe lijen en de bern moatte it ûntjildzje.
Lit my dúdlik wêze: de natuer leit my as boer dy sljocht is mei greidfûgels nei oan it hert.
Mar goed behear dochst mei de minsken: troch se te belûken en bewust te meitsjen. Net troch it gebiet hermetysk ôf te sluten en minsken te kearen en te ferfrjemdzjen. It docht my tinken oan Indianeferhalen oer de ‘Amerikaanse’ kolonisten dy’t hillige grûn fan harren ôfpakten en har yn resevaten dreaunen. De minsken hjir hawwe altyd yn ferbining mei de natuer libbe. De ôfstân is al grut genôch, meitsje dy net noch grutter.
Ik rekkenje derop dat it wetterskip en Rykswettersteat harren ferantwurdlikheid nimme, it betrouwen yn de oerheid net noch leger meitsje en rekken hâlde mei de echte eigners fan it gebiet: de minsken dy’t hjir al tûzenen jierren libje.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.