INGEZONDEN: Smyt it mar werom oer it hege sket fan de haach! · Foto('s): RTV NOF
  RTV NOF

INGEZONDEN: Smyt it mar werom oer it hege sket fan de haach!

woensdag 07 juli 2021

NOARDEAST-FRYSLÂN – Wy lykje as gemeente midden yn in totale finansjele stoarm belâne te wêzen. It ryk stjoert gemeenten mei knap 3 miljard tekoart op in paad, Noardeast syn finansjele fet fljocht ús letterlik fan de bonken ôf. De sintrale oerheid is op dit stuit ús grutte ûnstabile faktor! Noardeast sit hjirtroch finansjeel fêstspikere. 

Ferlykje it mei in húshâlding wêr’t alle wiken mar 500 euro binnen komt wylst der 550 oan kosten tsjinoer stean. Dan bliuwt der gjin knaak oer en sneuvelet de sparrekken.

Mar wat moat we dan? De WOZ mei 10% per jier omheech?  Subsydzjes stop sette? Lokale en kulturele foarsjenningen lykas de fanfare, muzykûnderwiis en musea fuortbesûnigje? Efkes werom nei de ferliking fan de húshâlding dêr’t it finansjeel krap wie…wy meie it dochs net sa fier komme litte dat âlden de sparpotten fan harren bern iepen brekke moatte? De foarsjenningen yn ús kearnen, dêr binne wy as FNP no krekt sa wiis mei en grutsk op! It is de rêchbonke fan ús mienskip.

De fraksje FNP is der wol klear mei, set wat ús oanbelanget de ynfiering fan de nije omjouwingswet yn 2022 mar by it jiskefet! Doch op jeugdmêd wat needsaaklik is, mar net mear. Earst jild en dúdlik perspektyf fan út it Ryk wat de FNP oanbelanget! As it ryk Noardeast net in better mearjiierrenperspektyf presintearje kin moatte wy it mar wêrom oer it sket goaie….

Foarearst kin Noardeast-Fryslân de begrutting fan 2022 wol slutend krije gelokkich. Der wurd wurke oan de takomst fan de gemeente en oan projekten lykas Holwert oan See, de ûntwikkelingen fan it Hurddraverspark en it Tolhûspark, kânsen yn kearnen lykas Hallum en Kollum. Der wurdt wêr mooglik lyts en tûk wurke binnen it sosjaal Domein. Der is omtinken foar skoallehúsfestiging en gean sa mar troch.

Dan ús eigen ambysjes rjochting de begrutting foar novimber dit jier en de jierren dêrnei:

  • De FNP wol de foarsjenningen safolle as mooglik op peil hâlde. (Bygelyks doarpshûs Warfstermûne)
  • Akwatermy troch ûntwikkelje
  • Gemeentlike belestingen net boppe Frysk gemiddelde
  • Ynkomsten generearje troch bygelyks eigen grûnbedriuw om ûnôfhinkliker te wurden fan it gemeentefûns
  • Jild dat foar bioferskaat ornearre is no tûk ynsette
  • Grutte en djoere yntinsive projekten dy’t yn in begjinfase sitte yn de iiskast sette.
  • Hurddraver en Tolhúspark rap en tûk trochûntwikkelje
  • Gjin nije djoere brêgen dy’t ek wer op it kapitaalguod drukke
  • Alle pylken op wentebou nei aard, skaal en karakter
  • Alle jierren fan de nul ôf begrutsje! (Zero-based-budgeting)

Lang om let binne der gelokkich ambysjes, kânsen en perspektyf yn Noardeast en hoecht it dûmsenario net út te kommen as wy de kop der goed by hâlde mei inoar …mar it strukturele jild foar de wetlike kearntaken stiet en falt mei spikerhurde euro’s, mei in passende kompensaasjes fan De Haach út!

Bert Koonstra
Fraksjefoarsitter FNP Noardeast-Fryslân

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?