INGEZONDEN: Tieme Heeringa listlûker FNP Dantumadiel

vr. 23 januari · 11:11 · RTV NOF

DAMWÂLD – Yn de algemiene ledegearkomste fan 21 jannewaris is Tieme Heeringa (19 jier) út Damwâld keazen as listlûker foar de FNP yn de gemeente Dantumadiel. Ek it ferkiezingsprogramma foar de riedsferkiezingen yn maart dit jier is fêststeld; Thús yn Dantumadiel. De FNP wol mear wentebou: foar starters dy’t hjir bliuwe wolle, foar âldelju dy’t hjir âld wurde wolle, en foar elkenien dy’t seit: hjir hear ik thús.

FNP Dantumadiel

As selsstannige gemeente moatte wy net efteroer hingje, mar foarút. Soarch en foarsjennings moatte gewoan goed regele wêze — tichtby, betrouber en berikber. Gjin gedoch, mar dwaan. In gemeente dy’t der foar dy is, as it nedich is. Dat is FNP yn Dantumadiel. Wenje. Libje. Thús yn Dantumadiel.

De FNP komt mei in list fan 11 minsken foar de ferkiezings fan 18 maart. Njonken Tieme binne de earste fiif:

– Durk Holwerda (Damwâld)

– Antsje Richt Hoekstra – Reitsma (Damwâld)

– Steven Zwart (Broeksterwâld)

– Jan Dantuma (Walterswâld)

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.