Ingezonden: ynkomsten ferieningen yn de (papier)kontener?
FERWERD – De FNP fraksje yn Noardeast-Fryslân dielt de soargen fan in grut tal ferieningen dat driget har ynkomsten út âld papier kwyt te reitsjen oan de harmonisaasje en it ynfieren fan de blauwe papierkontener.
FERWERD – De FNP fraksje yn Noardeast-Fryslân dielt de soargen fan in grut tal ferieningen dat driget har ynkomsten út âld papier kwyt te reitsjen oan de harmonisaasje en it ynfieren fan de blauwe papierkontener.
Foar in soad ferieningen binne de sinten dy’t ophelle wurde mei âld papier nedich om de kop boppe wetter hâlde te kinnen. Dêrneist sit der in wichtich sosjaal aspekt oan, dy’t faak mei grutte ferantwurdlikheid droegen wurde troch tal fan frijwilligers.
De FNP sjocht dat it ferieningslibben tige wichtich is foar de leefberens yn de doarpen en tinkt dat krekt dat faai stiet no’t de gemeente oeral blauwe bakken ynfiere wol en yn fergoedingen snije wol.
Neffens de gemeente nimt it tal frijwilligers drastysk ôf en moatte wy sjen nei oare foarmen fan papiersamling. “Wy wurde sa yn de earms fan de blauwe bak dreaun,” seit wurdfierder Hanneke Jouta, “mar is dat terjochte?” Om de ûnderste stien boppe te krijen en dúdlikheid te skeppen foar alle ferieningen tsjinnet de FNP skriftlike fragen yn by it kolleezje. Dit soarte fan sosjale aktiviteiten binne te kostber om samar yn it ramt fan harmonisaasje by it âld papier te smiten.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.