It Hantumer Ploechje spile Bloody Mary

zo. 30 november · 00:002008 · 00:00 · Archief RTV NOF

Al jierren lang bringt It Hantumer Ploechje in tonielstik foar it fuotljocht. It bin hast gjin amateurs mear, in pear soene har sa oanslute kinne by in professionele klub…

Al jierren lang bringt It Hantumer Ploechje in tonielstik foar it fuotljocht. It bin hast gjin amateurs mear, in pear soene har sa oanslute kinne by in professionele klub, ha de seal al ‘plat’, sûnder in wurd te sizzen. Sa waard der freedtejûn yn it doarpshûs d’ Ald Skoalle de klucht ‘De Bloody Mary’ spile.


Dizze klucht waard skreaun troch Mary Bakker Schoon en yn it Frysk oerset troch Syb Jorna. De regy wie wer yn hannen fan Lucas de Blécourt. No wurdt der wannear’t men in klucht spilet, net ferwachte dat de taskôgers tige swier neitinke moatte oer de ynhâld. It doel is dat men jin ris goed fermeitsje kin troch de faak komyske sitewaasjes dy’t him yn it stik foardogge en dat doel is foar hûndert presint berikt. Ek alle lof foar de fersoarging fan it toniel, de âlde boat, omboud ta cruiseskip, dêr’t him alles ôfspilet.


De Bloody Mary sil in cruise meitsje by de moaiste plakjes fan de Middelânske See lâns. Op it leste momint springt der in ferstekling oan board. Fierders binne bûten de kaptein en de stjoerman noch seis passagiers dy’t soargje foar ferdivedaasje en konsternaasje.It is de regisseur mei syn Hantumer Ploechje wer slagge mannichien in jûn fol fleur, spanning en ûntspanning te besoargjen. It daverjende applaus wie dan ek dûbel en dwars fertsjinne!


© Foto: RTV Noordoost-Friesland

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.