It Literêr Sirkwy op 10 desimber yn Burdaard ‘De loft is blau fan dagen’ · Foto('s): Geart Tigchelaar
  Geart Tigchelaar

It Literêr Sirkwy op 10 desimber yn Burdaard ‘De loft is blau fan dagen’

vrijdag 26 november 2021

BURDAARD – Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearje mei-inoar in poëtyske jûn yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op freedtejûn 10 desimber 2021 om 19:30 oere.

De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy jûns bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en sy litte harren klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.

Oan ’e ein fan de jûn is der in iepen poadium. Dus jou jo op om mei te dwaan en lit jo dêrby foaral liede troch it tema – al is in tsjinoersteld fers like wolkom. Opjefte is ferplichte foar sawol dielnimmer as publyk. Meld jo oan fia ynfo@rixt.frl. Hâld rekken mei de jildende koroanamaatregels.

Foar It Literêr Sirkwy organisearret it Frysk Dichterskollektyf RIXT noch ien jûn yn it winterskoft. Streekdichter Tigchelaar set takom jier noch twa poëzyjûnen op priemmen yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
It Literêr Sirkwy op 10 desimber yn Burdaard ‘De loft is blau fan dagen’ · Foto('s): Geart Tigchelaar
  Geart Tigchelaar

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?