Jan Benedictus kandidaat wethâlder FNP Kollumerlân
It bestjoer fan FNP-Kollumerlân c.a. hat Jan Benedictus fan Boelensloane keazen as kandidaat- wethâlder. Ôfhinklik fan de ferkiezingen en de kolleezje-ûnderhannelingen kin hy oan it wurk as FNP-wethâlder yn Gemeente Kollumerlân c.a.

Jan Benedictus is 58 jier en hat de lêste 4 jier wethâlder west yn Skarsterlân, de gemeente dy’t opgien is yn De Fryske Marren. Nei syn oplieding yn Wageningen wie hy dosint, teamlieder en lokaasjedirekteur yn it middelbier lânbou-ûnderwiis yn Fryslân. Dêrnjonken hat hy ûndermear aktyf west as bestjoerder yn it leger ûnderwiis, it doarpshûs en yn de polityk yn Achtkarspelen; hy wie dêr ek 8 jier riedslid. FNP-Kollumerlân hat mei fanwege de drege gemeentlike sitwaasje de kar makke foar in kandidaat mei in goed stik ûnderfining.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.