Jildau, Betty en Marrit winne 82ste edysje FeRstival

zo. 1 februari · 14:43 · RTV NOF

LJOUWERT – Jildau van der Meulen, Betty Steeman en Marrit Boetje wûnen de 82 ste edysje fan FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn de Harmonie yn Ljouwert makken sy de measte yndruk op de sjuery mei harren foardrachten.

Sieta de Vries

Jildau fan it Lauwers College Bûtenpost wie de grutte winner by de Starters, de kategory foar earsteklassers. Sy die dat mei it gedicht ‘Om’e moanne hinne” fan Wilco Berga . “In fers fan heech niveau dat mei in soad ynlibbingsfermogen foardroegen waard,” sei Starters-sjueryfoarsitter Brecht Wassenaar.

“It wie in frouljus feestje by FeRstival dit jier”

Yn de kategory Trochsetters, foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Betty Steeman fan it Liudger (Burgum). Dat wie mei it gedicht “Lit my libje” fan Berber Spliethof. “Betty naam ús mei yn har wrâld,” fûn de sjuery mei û.o. Theun Plantinga. By de Toppers, foar fjirdeklassers en heger, wie Marrit Boetje fan it MBU de grutte winner.   Mei it gedicht “Krêft” fan Jelle Bangma sette sy in tige krêftige en behearske foardracht del, sei Toppers-sjueryfoarsitter Arjan Hut. Der diene 34 dielnimmers oan de finale mei, op de foarrondes kamen yn totaal mear as 100 dielnimmers ôf.

Jongerein en Fryske poëzij 

FeRstival wurdt organisearre troch Cedin ûnder de flagge fan Taalplan Fries 2030. FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. De inisjators fûnen it ek wichtich dat learlingen ûnderfine hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien dy’t it letter makken op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman en Theun Plantinga.

Alle winners fan 20226

Starters (earsteklassers)
Jildau van der Meulen, Lauwers College Bûtenpost
Jildau Reitsma, Lauwers College Bûtenpost
Leanne Kamstra, Liudger Burgum

Trochsetters (twadde- en treddeklassers)
Betty Steeman, Liudger Burgum
Marije Buma, Liudger Burgum
Féline Visser, Lauwers College, Bûtenpost

Toppers (fjirdeklassers en heger)
Marrit Boetje, MBU
Aafke van der Meer, Bornego College Junior, It Hearrenfean
Annerixt Verhagen, Anna Maria van Schurman, Frentsjer

De winners fan it Ferstival! F.l.n.r: Jildau Reitsma, Jildau van der Meulen, Leanne Kamstra, Marije Buma, Betty Steeman, Féline Visser, Annerixt Verhagen, Marrit Boetje en Aafke van der Meer. 

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.