Jubileumfiering de Pypkesjongers yn Suwâld
SUWALD – Ûnder lieding fan har foarsitter Gerrit Hofman betochten de leden fan it shantykoar de Pypkesjongers fan Suwâld op sobere wize it feit dat se yn september 2025 har 25 jierrich jubileum hiene. Der wie in optreden fan it Leeuwarder Accordeon Ensemble en fansels songen de leden sels ek in tal fan har favorite lieten.
Fierder wie der rom omtinken oan it dochs wol grutte tal leden dat yn de rin fan de jierren ferstoarn is. De oanwêzigen, behalve de leden ek minsken dy’t har ferbûn fiele mei dit shantykoar, koenen in prachtich oersjoch besjen fan wat de Pypkesjongers sa troch de jierren hinne wol net by ’t ein hân ha. Se koene ek harkje nei in dêrby passend praatsje fan ien fan de leden.
De jûn waard noflik besletten mei in lekker stampotbuffet fersoarge troch Café Moarkswâl fan Âldtsjerk. De leden krigen as oantinken in unyk grafearre drinkglês mei nei hûs. Se koenen werom sjen op in wat lette mar dochs tige slagge jubileumfiering.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.