Jubileumproduksje 100 jier Frysk amateurtoaniel opfierd yn 6 teaters – Op 16 novimber yn teater Sense Dokkum · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Jubileumproduksje 100 jier Frysk amateurtoaniel opfierd yn 6 teaters – Op 16 novimber yn teater Sense Dokkum

donderdag 10 oktober 2019

Op freed 1 novimber o.s. giet yn it Posthuis yn it Hearenfean de jubileumfoarstelling nei oanlieding fan 100 jier organisearre amateurtoaniel yn Fryslân yn premjêre. De tapaslike namme ferwiist nei de ynhâld; oan de hân fan werkenbere situaasjes en emoasjes wurdt yn in muzikale toanielfoarstelling in byld jûn fan it meitsjen fan in foarstelling. Wa’t ferwachtet de wiidweidige skiednis fan it Fryske amateurtoaniel werom te sjen op it toaniel, kriget hiel wat oars te sjen. De Foarstelling is in bûnt selsportret fan en troch it Fryske amateurtoaniel mei humor, prachtige ferskes, in krityske noat en de nedige zelfspot. Boppedat is De Foarstelling net allinne geskikt foar amateurtoanielspilers, mar ek foar it publyk, dat graach nei toaniel giet.

Yn 2018 bestie de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) 100 jier, mar fanwege it drokke Kulturele Haadstêd jier, waard foar de jubileumfoarstelling útwykt nei dit jier. It is in reisfoarstelling, dy’t net allinne yn it Posthuis te sjen is, mar ek yn De Skâns op ‘e Gerdyk (2 novimber), De Koornbeurs yn Frentsjer (8 novimber), De Hege Fonnen op ‘e Lemmer (9 novimber), Theater Sneek yn Snits (15 novimber) en Sense theater yn Dokkum (16 novimber) Kaarten binne te besetten fia www.vanplan.nl.

Under lieding fan regisseur Tineke Broers (Burgum) en muzikaal lieder Tseard Nauta (Baard) kaam De Foarstelling yn mear as oardel jier ta stân. Ynformaasjejûnen, harsenskrab-sesjes, lêsrepetysjes ensafuorthinne giene oan it skriuwproses foarôf. Skriuwers Geert Hager, Tseard Nauta, Tineke Broers en Greetje Klaren basearren de lietsjes en sênes op ferhalen en opmerkings fan amateurtoanielspilers en karmasters út Fryslân. Der waard moannenlang repeteard yn in loads yn Nij Beets.

Sa ûntstie in foarstelling mei in grut ferskaat oan sênes en lietsjes, mei it proses fan it kommen ta in toanielfoarstelling as reade tried. It dekôr is makke troch Jaap Groen (De Sweach) en bestiet út stuollen, ferskillend yn grutte en hichte. Eftergrûn derfoar is dat by de measte toanielrepetysjes yn it begjin de stoel brûkt wurdt as ‘stand-in’ foar alle meubels, doarren en dekorstikken dy’t letter yn de foarstelling brûkt wurde. De live band bestiet út Tseard Nauta, Jan Zeldenrust en Thys Wadman.

De kostúms binne betocht en makke troch Outfit Toneelkleding (Carla Busscher) fan Burgum en de kap en grime wurdt fersoarge ûnder lieding fan Anna Doornbos (Drylts). De technyk is yn hannen fan Diamond Sound Systems (De Jouwer), produksjelieding Francien Bolhuis (Frentsjer).

Der dogge 18 amateurtoanielspilers rûnom út Fryslân oan mei. (Sjoch foto)

Mear ynformaasje is te finen op de facebookside De Foarstelling.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio