Kandidatelist FNP Achtkarspelen fêststeld tidens de Ledegearkomste
Tidens de ledegearkomste fan de FNP Achtkarspelen yn doarpshûs “De Jister” te Twizelerheide is de kandidatelist foar de kommende gemeenteriedsferkiezingen fêststeld…
Tidens de ledegearkomste fan de FNP Achtkarspelen yn doarpshûs “De Jister” te Twizelerheide is de kandidatelist foar de kommende gemeenteriedsferkiezingen fêststeld troch de oanwêzige leden. Mei Marten van der Veen op-en nij as listlûker. Foarsitter fan de FNP Achtkarspelen dhr. Geart van der Velde, iepene de gearkomste en koe in sealfol leden wolkom hite. De FNP is klear foar de kommende Gemeenteriedsferkiezings op 19 maart 2014. It nije ferkiezingsprogram 2014-2018 waard presintearre en fêststeld troch de leden.
Fraksjefoarsitter dhr. Sjoerd Groenhof liet yn syn Power Point presintaasje sjen wat de FNP de ôfrûne fjouwer jier realisearre hat en presintearre punten út it nije gemeenteprogram. Atty Sietzema-de Haan hat nei 20 jier gemeenteriedslid west te hawwen, har net wer ferkiesber steld. Sa komt der foar har in tiid foar oare dingen. Listlûker Marten v/d Veen tankte de leden foar it op en nij yn him stelde fertrouwen. “We gean der foar!”, sa sei Van der Veen. Dêr’t it daverjend applaus op folge. De ôfrûne 4 jier hie de FNP 5 sitten yn de gemeenteried fan Achtkarspelen, en hat in wethâlder levere.
De earste 10 kandidaten foar de FNP Achtkarspelen:
1. Marten van der Veen, Twizelerheide
2. Sjoerd Groenhof, De Harkema
3. Tjibbe Brinkman, Twizel
4. Sake van der Meer, Koatstertille
5. Maaike Dotinga-van der Veen, Bûtenpost
6. IJde van Kammen, De Harkema
7. Wietske Poelman, Gerkeskleaster-Strobos
8. Wopke Veenstra, Boelensloane
9. Rein van der Wal, Surhústerfean
10. Marianne v/d Heide- Stienstra, Stiensgea
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.