Keimpe de krokodil giet op reis · Foto('s): Gemeente Achtkarspelen
  Gemeente Achtkarspelen

Keimpe de krokodil giet op reis

zaterdag 10 juli 2021

SURÚSTERFEAN – De Afûk lit gasten fan restaurants yn de kunde komme mei it Frysk en it rike taalferskaat fan Fryslân mei help fan in krokodil. Restaurants yn de gemeente Achtkarspelen dogge ek mei. Restaurant De Dikke Draai yn Surhústerfean en Eetcafé de Viersprong yn Koatstertille biede de jonge gasten in placemat fol spultsjes oan en it meartalige lêsboekje ‘Iis foar Eef’. Wethâlder Max de Haan brocht de materialen nei restaurant De Dikke Draai yn Surhústerfean. ‘It is hiel belangryk om de Fryske taal al op jonge leeftyd te stimulearjen. En sa ha de bern ek wat leuks te dwaan as hja wachtsje op it iten.’

Idee fan studinten
De Afûk yntrodusearre tongersdei 8 july it oanbod foar de restaurants. It idee foar it nije oanbod komt fan studinten fan it ROC Friesland College. Sy hawwe de ôfrûne perioade ûndersyk dien nei it binen fan klanten mei help fan de Fryske taal. Neffens de studinten fan de oplieding Travel & Hospitality is benammen it wachtsjen op it iten foar bern in dreech putsje.

Keimpe op reis
By Keimpe op reis steane de autochtoane talen fan Fryslân sintraal. Dêrby wurde de spultsjes en ferhaaltsjes altyd yn it Frysk oanbean en yn de oanbelangjende regio’s/stêden ek yn de eigen taalfariaasje (Biltsk, Dokkumers en Franekers). Fansels wurde gasten dy’t dy talen (noch) net machtich binne goed by de hân naam yn it Nederlânsk en Ingelsk. Mei tank oan de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel kinne bedriuwen út dy gemeenten fergees gebrûk meitsje fan it oanbod.

Mear ynformaasje oer Keimpe en oanmelde foar Keimpe op reis kin fia www.keimpe.frl

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio