Klún en Knoffelhakke 25 jier op de planken

Donderdag 23-01-2020
HANTUM - Yn 1994 binne Broer Douma en Hendrik van der Heide, doe beide út Hantum, mei teaterduo Klún & Knoffelhakke begûn. Fiif optredens bûten harren eigen doarp wie doe it doel. Mar dat is folslein út de hân rûn! No, 25 jier letter en sa’n 1000 optredens rûnom yn Fryslân fierder, is it duo noch hieltyd aktyf.

Om dy 25 jier te fieren, komt it duo mei in ienmalige jubileumshow. Op 28 maart o.s. wurdt dizze show opfierd yn teater Sense te Dokkum. Yn dizze spesjale show mei, sa as altiten, in ynteraktyf karakter en bysûndere gasten litte se sjen wat der sawol foar as achter de skermen te belibjen wie. Boppedat mei it publyk tegearre mei de mannen fan Klún & Knoffelhakke útsykje wat yn de ôfrûne 25 jier de moaiste sketskes wiene. Op dizze jûn komme dan in hiele protte fan dy sketskes wer foar it ljocht! Kaarten foar dizze sjo kinne besteld wurde fia de website fan teater Sense besteld: www.sensedokkum.nl. Mar belje foar kaarten mei fansels ek (0519) 571810.

terug naar overzicht
Klún en Knoffelhakke 25 jier op'e planken
© Foto's: Eigen foto

Overig nieuws

Vandaag op de radio

00:00-18:00 | RTV NOF Nonstop
18:00-19:00 | Goed gestemd
19:00-21:00 | Leafde foar muzyk
21:00-23:00 | De Smachtwacht
23:00-00:00 | RTV NOF Nonstop
Klik hier voor programma- informatie