Eigen foto
zaterdag
14
maart

Kritetoaniel Bûtenpost spilet Fryske wrâldpremjêre “Heit” in The Point Bûtenpost

di. 18 februari · 15:462020 · 15:46
Locatie: Buitenpost
Begin datum: zaterdag 14 maart 2020 00:00

Yn 2012 gie de foarstelling Le Père fan de skriuwer Florian Zeller yn Parys yn premjêre. In oangripende tragikomeedzje oer in âlde man mei Alzheimer dy’t geandewei de foarstelling hieltiten mear de grip op de tiid, syn omjouwing en de famylje kwytrekket. 

It Kritetoaniel – Theater Buitenpost mei nei yntensyf kontakt mei Parys de Fryske wrâldpremjêre spylje. De Fryske oersetting fan dit prachtige stik is skreaun troch Kritelid Dictus Benedictus. Spilers: Lodewijk Riedhorst (heit), Amarens de Vries (dochter), Frouke Holtrop, Arnold Jan Ruisch, Gerben de Haan en Else Kiers. Regy Henk Roskammer.

Seal iepen 19.00 oere. Kaartferkeap oan de seal.