Kritetoaniel smyt de doaren iepen fan ‘Suite Hotel’ · Foto('s): F. Holtrop
  F. Holtrop

Kritetoaniel smyt de doaren iepen fan ‘Suite Hotel’

zaterdag 19 maart 2022

BÛTENPOST – Nei in “koart” ústel fanwege de korona, der soe al spile wurde yn novimber 2021, gelokkich no dochs de útfieringen fan “Suite Hotel”. Op 19 en 20 maart sil it heve. Sneontejûn 19 maart, oanfang 20.00 oere, en sneintemiddei 20 maart, oanfang 15.00 oere, “Suite Hotel” op it toaniel yn The Pojnt yn Bûtenpost: 8 spilers – 3 ferhalen – 1 hotelkeamer.

Trije prachtige akten út “Suite Hotel” fan de Joadsk-Amerikaanske skriuwer Neil Simon yn in Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra wurde oer it fuotljocht brocht.. De spilers Remco de Poel, Frouke Holtrop, Dagmar Kingma, Dictus Benedictus, Anneke Nieuwenhuis, Jella Kingma, Wiesje Kloosterman en Iebe Bouma litte it publyk genietsje fan en ferwûnderje oer trije bysûndere situaasjes dy’t harren dus allegearre ôfspylje op ien en deselde keamer yn in lúks hotel.

Yn akte 1 sjogge wy it stel Marvin & Milly én in jong frommiske. Marvin en Milly binne nei de sted kaam foar in famyljefeest. Marvin is syn frou foarútgong en hat al in nacht yn it hotel sliept. At hy de oare moarns wekker wurdt fynt hy in jong frommiske yn syn bêd. It famke is folslein fan’e wrâld, net wekker te krijen, en frou Milly is op kommendewei. Marvin hat in soad út te lizzen …..

Yn akte 2 komt it publyk yn’e kunde mei Grace, Djoke en Simon. Aktrise Djoke is mei har assistinte Grace ek delstrutsen yn it hotel. Sy binne yn ôfwachting fan de komst fan Simon. Simon en Djoke wienen in echtpear mar Simon fûn in oare relaasje en sit al jierren op in Gryks eilân. De reden fan syn  kommen nei it hotel blykt mear te wêzen dan efkes dach sizze ….

Yn de 3e en lêste akte yn alwer deselde hotelkeamer sjogge wy it echtpear Ruurd en Nynke wrakseljen mei harren dochter én breid Minke dy’t har opsluten hat yn de baaikeamer en net fan doel is dizze rûmte te ferlitten om mei har oansteande de trouambter op te sykjen. Grutte fraach is oft dizze oansteande, Bonne, har wol op de goeie kant fan de doar kriget  ….

De regy fan “Suite Hotel” is yn hannen fan Henk Roskammer en Lodewyk Riedhorst. Kaartferkeap gewoan oan de seal. Seal iepen in oere foar de foarstelling.

 

 

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio