Ljussens genietet fan Klontsjes
Klontsjes, is in fleurich stik dat skreaun is troch Jan Schokker. Ûnder de betûfte lieding fan Kristien Hoekstra en Jolanda Wytsma ha se yn…
Klontsjes, is in fleurich stik dat skreaun is troch Jan Schokker. Ûnder de betûfte lieding fan Kristien Hoekstra en Jolanda Wytsma ha se yn Ljussens ôfrûne wykein wer genietsje kinnen fan toanielploech mei nocht foar’t ljocht.
Atze Dimmen ( Douwe Hiemstra) hat in ‘date’ mei trije froulju. Earst komt Berke Bottema ( Antsje Boonstra) fierstente betiid op it aljemint. Atze is hjir noch mar krekt fan bekaam dan stiet de twadde flam al op de stoep, Jep Jansma (Tiny Schregardus) Dizze wit fan wanten en stiet as frou har mantsje. Atze wit net wat er der oan hat want even letter tsjinnet ‘date’ trije har oan, Liselotte (Minke Wytsma) en dizze komt sels mei in lytse poppe. No binne de rapen al hielendal gear. It lytse jonkje hat ek noch in briefke by him mei derop in riedseleftige boadskip. Resjersjeur Bokke Jansma ( Marten-Jetze Hoekstra redt dermei. De rol fan de buorfrou Maja (Martsje Sijtsma) is wat dubieus. Alle dagen komt se al sliep-kuierjend by buorman binnen om in pear klontsjes te bemachtigjen. Hjiroan ûntliend it stik ek har titel.
It is in stik mei komyske yntriges, kompetysje en spanning. De rollen steane as in hûs en wurde stik foar stik perfekt werjûn troch de Ljussemer akteurs en aktrises. Ynstekster Sjoerdtje Bakker hie it fêst net drok. It wie in genot om nei te sjen( mei troch sminkster Jikke Sytsma)te lústerjen en foaral om te laitsjen. In stikje folkskultuer út eigen doarp is eat wat men net genôch wurdearje kin.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.