Maestro Concert Ere Zij God yn Damwâld

ma. 20 mei · 14:172019 · 14:17 · Bauke

Brassband Ere Zij God út Damwâld hat ófrûne sneontejûn wer in tige slagge maestro concert fersoarge yn seal de Krúswei.

Koos Scherjon

Brassband Ere Zij God út Damwâld hat ófrûne sneontejûn wer in tige slagge maestro concert fersoarge yn seal de Krúswei.

Der wiene fjouwer “maestro’s” dy’t harren dirigear-keunsten oan in deskundige jury sjen lieten. De fjouwer gasten, boargemaster Agricola, juf Maureen Pranger, Spar eigner Eric Compeer en Wendy vd Velde,
eigner fan Wendy’s Beautiek ha in seal fol minsken in prachtige jûn bisoarge.

De muziek keuze wie hiel  breed, fan Racoon en Queen oant  de Second Walz. Dirigent Gerben Huizenga hat  bisocht de “maestro’s” tydens de repetities  harren de kneepkes fan it dirigearvak bij te bringen en dat wie te sjen. Oan it ein fan de jûn waard it korps nog oerfallen troch in Mistery guest, Sinterklaas en syn Piet.

It die al gau bliken dat de âld baas nog wat byspikere wurde moat. Juf Maureen fan de Fontein gie mei de priis nei hûs en elk wie it der nij ôfrin oer iens. Wat mei de mienskip fan Damwâld  bliid weze mei sa’n aktief muziekkorps!

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Koos Scherjon