[Advertentie]
Mûlkapke-aksje Sumar grut sukses
wo. 7 oktober · 19:132020 · 19:13 · Luc Tuinstra
SUMAR – Fan it simmer is in groepke entûsjaste froulju úteinsetten mei it naaien fan mûlkapkes. It materiaal wurdt oanbean troch tsjerke Sumar, de opbringst gjit nei Voedselbank Tytsjerksteradiel
[Advertenties]
SUMAR – Fan it simmer is in groepke entûsjaste froulju úteinsetten mei it naaien fan mûlkapkes. It materiaal wurdt oanbean troch tsjerke Sumar, de opbringst gjit nei Voedselbank Tytsjerksteradiel.
De Voedselbank Burgum hat troch dizze aksje al in donaasje fan hast €1000,- yn ûntfangst nimme mochten. Mei it tanimmen fan it oantal Coronabesmettingen en it adfys mûlkapkes te dragen, binne de froulju ek wer drok dwaande. Elke tiisdeimoarn fanôf healwei 10 is Akke Hiemstra, de driuwende krêft efter it Naaicafê, oanwêzich yn Doarpshûs De Kamp. Wa ek meihelpe wol is fan herte wolkom.
Wytske van der Pol set by genôch belangstelling de naaimasjine thús op’e tafel en ek dêr is elk wolkom om oan te skowen. Materiaal ôfhelje en thús sels naaie kin ek. De mûlkapkes kostje 5 euro it stik. Bestelle of ynformaasje kin by: Akke Hiemstra 06-42553192 Wytske van der Pol 0511-464457 Sita Hofstra 0511-843836
Bron: Facebook Sumarder Saakjes
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.
[Advertenties]
Sumarder Saakjes
[Advertenties]