Nessumer PC: in fantastische dag

ma. 25 augustus · 18:09 · RTV NOF

NES – Sneon 23 augustus wie de Nessumer PC. Toch wol dé partij fan it jier. We hienen in moaie list ferdielt oer 3 klassen: A, B en Dames. De B-klasse wie om 12 oere al los. Op in lytse reinbui en it keihurde droeche fjild nei ha we in fantastische dei hân. Jan Gerrit Fokker en Jenne Dijkstra tige tank foar it sponsorjen fan dizze prachtige keatspartij.

De priiswinners:

Damesklasse:

1e. Andrea Visser, Tineke Visser, Nynke de Vries

2e. Aletta Keegstra, Simone Mossel, Afke de Vries

1e V.R: Amarins Kloostra, Michelle Sijtsma, Hilde Pauzenga

B-klasse:

1e. Sjouke Pieter Pauzenga, Wybren de Vries, Gooitzen Prins

2e. Esger Ozenga, Merwin Koree, Wiltsje Gerben Wijtsma

3e. Arjen Dijkstra, Jenne Ljibbe Dijkstra, Klaas Dijkstra

1e V.R: Sybren Osinga, Sido Agema, Rudmer Postma

2e V.R: Jitske Hovinga, Jan Fokker, Thomas Jansma

A-klasse: (belgisch systeem)
1e. Jordy Mossel, Anne Lynn Keegstra, Jannard Sipma

2e. Martijn Mossel, Marije Keegstra, Bas Haaksma

Noch 1 partij stiet dr op it programma en dan is it seizoen alwer foarbij.

Op sneon 13 september ha we de Nespelpartij. Lytse én grutte bal. Opjaan kin al, bij it opjaan efkes dyn foarkeur trochjaan.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.