Nije gedichtebondel ?Taastber fier fuort? rekket djip
Amperoan in jier ferlyn ferskynde it earste gedichtebondeltsje fan Harm Woelinga út Feanwâlden, dat as titel meikrige “De lêste tút”.
Amperoan in jier ferlyn ferskynde it earste gedichtebondeltsje fan Harm Woelinga út Feanwâlden, dat as titel meikrige “De lêste tút”. De gedichten, skreaun nei oanlieding fan it ferstjerren fan syn 11-jierrige dochter Kristine Marije oan leukemy, makke tal fan reaksjes los. Dat dat bondeltsje net allinnich in famylje-oangelegenheid wie die al gau bliken. Rûnom krige it boekje omtinken en der is noch hieltiten fraach nei, sadat Woelinga no wer in lytse oplage byprintsje litten hat.
Harm Woelinga frege him by dat earste boekje ôf “is no alles sein, is no alles skreaun”. It waard him dúdlik dat der noch safolle te sizzen wie, sadat er it beslút naam hat in twadde gedichtebondel út te jaan, mei as titel “Taastber fier fuort”. Mei dy titel jout de dichter oan dat it ferlies fan in leafste miskien foar in oar al wer “lang ferlyn” lykje mei, foar de neisten is it alle dagen “taastber tichtby”. De 45 gedichten binne soms berêstend, soms sykjend en soms ek opstannich. Woelinga beskriuwt bygelyks de bysûndere dagen fan jierdei en heitedei, dy’t no sa oars fiele; mar ek fakânsje-oantinkens en de perioade fan siikwêzen. Yn it lêste part beskriuwt er syn gefoelens út it eachpunt fan in pylger wei, dy’t yn eigen omjouwing of yn it bûtenlân der op út giet om syn libbensdoel en libbenspaad ôf te taasten. Swiermoedige en hoopfolle gedichten wikselje elkoar ôf. Der is ek romte foar sydpaden, want de dichter beskriuwt bygelyks ek in dei te winkeljen yn Grins. Faak krije de gedichten oan ’e ein in ferrassende draai. Op de omslachfoto bloeie de maitiidsklokjes, dy’t troch Harm en syn frou Jetty plante waarden yn de achtertún, doe’t harren dochter al siik wie; sý hat de blomkes noait bloeien sjoen. Doch elke maitiid bloeie de klokjes ta oantinken oan har.
De nije bondel “Taastber fier fuort” en de werprintinge fan it earste bondeltsje “De lêste tút” binne beide te keap by Harm Woelinga thús (Idsingha 7, Feanwâlden) en by de ûndersteande adressen: Boekwinkels “Het-vergeet-mij-nietje” yn Feanwâlden en Akkrum. De Primerawinkels yn Burgum en Damwâld en De Westereen. Boekhannel Doevendans yn Burgum en The Readshop yn Dokkum.
Beide bondels kostje € 7,50 it stik. De netto-opbringst sil oermakke wurde nei Stichting KiKa (Kinderen Kanker Vrij).
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.