Nije Tomke webside, nije Tomke App én in nij digitaal platfoarm
Dinsdag 15-01-2019
FRYSLâN - Tomke hat in nije webside! Alle ynformaasje oer Tomke en ferhaaltsjes, spultsjes, ferskes en filmkes foar pjutten binne no te finen op dizze frisse, nije side. Ek is der in hagelnije Tomke App, dêr’t bern op telefoan of tablet boartsje kinne mei Tomke en Romke. Derneist is der in ‘Tomketeek’, spesjaal foar professionals dy’t mei pjutten wurkje. Op dit digitale platfoarm binne alle materialen fan Tomke en oar Frysk materiaal foar pjutten sammele.Tomke webside
Alles wat jim fan Tomke witte wolle en noch folle mear is no te finen op de fernijde webside www.tomke.nl. Ynformaasje oer de achtergrûn en de dêrby belutsen organisaasjes bygelyks. Mar ek in oersjoch fan alle aktiviteiten en produkten fan it Tomke-projekt. Fierder is dêr fan alles te finen foar âlders en bern dy’t thús mei Tomke oan ‘e slach wolle: ynformaasje oer taalstimulearring, mar ek spultsjes, ferhaaltsjes, ferskes en kleurplaten foar pjutten.
Nije App
Neist de fernije webside hat Tomke ek in nije app! Yn de app kinst ferhaaltsjes lêze, spultsjes dwaan, meisjonge mei ferskes en Tomke-fimkes besjen. Download de Tomke-app – foar tablet en telefoan- fergees yn de App store of Google Play Store, en boartsje moai mei Tomke en Romke mei!
Tomketeek
Foar professionals dy’t wurkje mei jonge bern is der de Tomketeek. Op dit digitale platfoarm binne in hiel soad digitale Tomke- en oare Fryske materialen foar pjutten sammele. De materialen binne sortearre op tema en by alle tema’s is in ferskaat oan materialen te finen om te brûken yn de pjutte-opvang, lykas bygelyks ferhaaltsjes, ferskes, nifelwurkjes, fimkes, praatplaten, opsisferskes en boeketips. Op de nije webside www.tomke.nl stiet mear ynformaasje oer de Tomke teek ûnder it tabblêd ‘Tomke foar professionals’. In ynlochkoade kin fergees oanfrege wurde fia ynfo@tomke.nl
Oer it Tomke projekt
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk: bern dy’t harren memmetaal goed behearskje, kinne makliker in oare taal leare.
It jierlikse Tomke-tydskriftke dat by de Fryske Foarlêswike fergees útdield wurdt oan alle pjutten yn Fryslân, is ek alle jierren yn in beheinde oplage beskikber yn it Stellingwerfsk en it Biltsk.
terug naar overzicht
Overig nieuws
- Huurdersorganisatie, woningcorporatie en gemeente ondertekenen prestatieafspraken
- Omgevingsproces gaswinning Ternaard: pilot met landelijke primeur
- S!N blijft mordicus tegen gaswinning Ternaard
- Zeer geslaagde dag van de vrijwilligers in Meckama State
- Zestig miljoen als compensatie voor gaswinning bij Ternaard
- Dokkumer Hacquebord in podcast RuG
- Toekomst van de boer centraal in de film Grutsk
- Twee skûtsjes, één gezamenlijk doel
- Dokkumer (33) onder invloed rijdt in op file
- Wat vindt u van de Haadwei in Damwâld?
- Koormuziek van vocal ensemble A Capelli in de Maartenskerk in Kollum
- Geslaagd adventsconcert Westerlauwers Mannenkoor met Oekraïense gasten
- Maak geen grappen met Donald Trump in Noardeast
- Kerst begint vroeg in Nes
- Stedelijke Harmonie Dockum 145 jaar
- Hoge waterstand op Schiermonnikoog verwacht
- Jubilea viering in de Protestantse Gemeente – Oosternijkerk
- Annie de Vries-Pel winnaar Noflik Plak-prijsvraag
- Kombord Oudwoude verplaatst vanwege transport
- WMO, Sionsberg en Leger des Heils in de WNS
- Raadsleden samen in actie voor de voedselbank (graag cash geld)
- CDA fractie Noardeast-Fryslan op werkbezoek
- Sint en Piet op bezoek bij vluchtelingengezinnen
- Subsidie ter ere van 75 jaar vrijheid
- Goed Fries onderwijs vraagt geduld
- Mevrouw Agema wint hoofdprijs Sint puzzel Kollum
- Wetterskip Fryslân laat de Holwerter en Raarder Feart baggeren
- Feestelijk Sinterklaasfeest op de Prins Bernhardschool
- Sinterklaasfeest bij De Fruitschuur in Stroobos-Gerkesklooster
- Sionsberg in top tien van best gewaardeerde zelfstandige klinieken Zorgkaart Nederland
if (isset($banner_05)) { ?>
} ?>
if (isset($banner_06)) { ?>
} ?>
if (isset($banner_07)) { ?>
} ?>
if (isset($banner_08)) { ?>
} ?>
if (isset($banner_09)) { ?>
} ?>
if (isset($banner_10)) { ?>
} ?>
if (isset($banner_11)) { ?>
} ?>
if (isset($banner_12)) { ?>
} ?>
if (isset($banner_13)) { ?>
} ?>
if (isset($banner_14)) { ?>
} ?>
Vandaag op de radio
00:00-18:00 | RTV NOF Nonstop
18:00-19:00 | Hoezo Kleinkunst
19:00-20:00 | Fryslan Fan
20:00-21:00 | Werom yn de tiid
21:00-00:00 | RTV NOF Nonstop
Klik hier voor programma- informatie
18:00-19:00 | Hoezo Kleinkunst
19:00-20:00 | Fryslan Fan
20:00-21:00 | Werom yn de tiid
21:00-00:00 | RTV NOF Nonstop
if (isset($banner_15)) { ?>
} ?>