No al 13 aktiviteiten yn it eardere molkfabryk op Hústernoard
FNP-Kollumerlân hat okkerdeis op besite west by Paintball Sintrum ‘The Bulletfactory’ op Hústernoard. De measten sille it net iens witte, mar dêr is ûnderhân fan alles te dwaan.
FNP-Kollumerlân hat okkerdeis op besite west by Paintball Sintrum ‘The Bulletfactory’ op Hústernoard. De measten sille it net iens witte, mar dêr is ûnderhân fan alles te dwaan. Soks past goed as ‘minwaarfoarsjenning’ by rekreaasje en toerisme dat we yn Kollumerlân graach fierder útbouwe wolle foar de wurkgelegenheid.
Yn it ramt fan de ûntwikkelingen om rekreaasje en minwaarfersjennings hinne, hat FNP Kollumerlân op besite west by Geert Braam fan de Bullet Factory op Hústernoard. It âlde molkfabryk oan de Trekfeart hat er omboud ta in aktiviteitensintrum wêr’t net allinne paintballe wurde kin mar ek bôgesjitten, lasergamen, sumo wraksjelje en noch folle mear.
Heech op de winskelist by de ûntwikkel-doelen fan de FNP yn Kollumerlân stiet stipe fan de rekreaasje en lytse wettersport yn de gemeente; alles wat wurk opsmyt kinne we hjir goed brûke. Wat dêrby ûntbruts wie ferdivedaasje, benammen by wat minder waar. Braam is 10 jier lyn mei syn paintballsintrum yn dat gat sprongen. Der wurdt no in protte gebrûk fan makke foar bedriuwsútsjes, famyljefeestjes, frijgesellefeestjes, stoere bernefeestjes en sa mear. Troch in gruttere fraach nei oare aktiviteiten as paintbaljen hat Braam it ferskaat oan romten fan yn totaal 2200m2 ferdield nei mear fariaasje, wêrtroch der no mar leafst 13 soarten aktiviteiten pleatsfine kinne. Om efkes lins te hâlden is der in western-bar kommen mei in echte rodeo-bolle. Guon FNP-ers ha eartiids noch by it suvelfabryk wurke en wienen fernuvere hoe’t de âlde tanklokalen omboud wiene yn aktiviteiteromten. De hannen jokken om gebrûk te meitsje fan de 9 meter hege klim-wand. Dizze komt meikoarten yn gebrûk. Nij derby is ek in sydlingse klim-wand wêrby twa groepen nei elkoar ta klimme moatte en elkoar foarby gean sûnder elkoar te reitsjen. In hiele útdaging. Wat noch op priemmen stiet is airsoft-sjitte mei replika – wapens, in nije trend. Sûnt 15 jannewaris mei dat ek yn Nederlân spiele wurden en de fergunnings binne kommendewei.
De FNP’ers wienen fernuvere dat der sa folle mooglik is en fynt it in oanwinst foar de wide omjouwing fan Kollumerlân. Hja winsken de famylje Braam noch in protte sukses mei harren bedriuw; it is op ynternet te finen op www.pcbf.nl
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.