Noardeast-Fryslân ekonomysk yn kaart brocht · Foto('s): 

Noardeast-Fryslân ekonomysk yn kaart brocht

woensdag 02 oktober 2019

Mei de fjirde en lêste Economische Vitaliteitsscan Noordoost-Fryslân slút de Fryske Akademy in mearjierrich ûndersyk ôf. It ûnderesyhk waard yn ‘e mande mei de provinsje útfierd en rjochte him op de fjouwer mei-inoar oparbeidzjende gemeenten yn Noardeast-Fryslân. It ûndersyk jout sicht op de ekonomy fan it gebiet. It hat bydroegen oan de ‘versnellingsagenda’ wêrmei’t de kommende jierren ynvestearre wurdt yn Noardeast-Fryslân.

Wurkgelegenheid
De lêst Vitaliteitsscan makket de balâns op: de mienskip yn Noardeast-Fryslân is sawol kwetsber as kânsryk. Sûnt 2005 nimt de befolking ôf. Benammen yn tiden fan ekonomysk resesje is de regionale ekonomy kwetsber. Hoewol’t de wurkgelegenheid it ôfrûne jier omheech gien is nei 40.800 banen, leit dat oantal noch altiten rom 3 prosint leger as oan de foarjûn fan de ekonomyske krisis yn 2008.

Dochs hat de regio in soad te bieden. Kânsrike sektoaren binne de bou, metaal, lânbou en toerisme. It binne sektoaren dêr’t it sterke arbeidsetos fan de Noardeast-Friezen ta syn rjocht komt. De natuerlike omjouwing jout allyksa kânsen. Mei twa nasjonale parken, de Noardlike Fryske Wâlden en it Waad hat it gebiet fjouwer sterke streekmerken.

Trochgean mei gearwurking
In lêste troef is de bestjoerlike gearwurking: de regio hat him de ôfrûne desennia súksesfol op de kaart set. De lêste Vitaliteitsscan rikt ideeën oan foar it trochgean mei dy gearwurking.

De fitalititeitsken oer 2019 en de eardere edysjes binne te finen op de website fan de Fryske Akademy.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio