Omrop Fryslân kin selsstannige organisaasje bliuwe
Omrop Fryslân kin as selsstannige organisaasje bestean bliuwe, ek al moatte de lanlike en regionale publike stjoerders ynkoarten fan it regear mei-inoar yntegrearje.
Omrop Fryslân kin as selsstannige organisaasje bestean bliuwe, ek al moatte de lanlike en regionale publike stjoerders ynkoarten fan it regear mei-inoar yntegrearje. Dat hat it kabinet tasein oan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân. In aparte kommisje sil frege wurde om te sjen hoe’t Omrop Fryslân har taken útfiere bliuwe kin yn dizze nije opset fan it lanlike publike omropstelsel.
Minister Donner (Ynlânske Saken) en minister Van Bijsterveld (UKW) hawwe dizze wike ynstimd mei de komst fan de kommisje-Hoekstra II. Dy krijt de opdracht om te sjen hoe’t de taken fan Omrop Fryslân it bêste útfierd wurde kinne, wannear’t de lanlike en regionale publike stjoerders as ien organisaasje fierder sille. Foar de provinsje wie de tasizzing oer de posysje fan Omrop Fryslân in hurd punt. De provinsje Fryslân fynt dat de belangen fan de Fryske taal en de Omrop it bêst betsjinne wurde kinne troch de provinsje en de Omrop sels. Dêrmei giet it kolleezje Deputearre Steaten yn tsjin de winsk fan it Ryk om de publike regionale omroppen just te sintralisearjen.
Rein-Jan Hoekstra is skiedend lid fan de Raad van State. Hy wie earder foarsitter fan de stjoergroep dy’t advys útbrocht oer de desintralisaasje fan it Frysk nei de provinsje. As foarsitter fan Hoekstra-II sil hy, tegearre mei inkelde noch oan te wizen minsken dy’t ferstân hawwe fan it Frysk en de mediawrâld, op 1 maaie 2012 advys útbringe. De taken en posysje fan Omrop Fryslân moatte yn de Mediawet opnommen wurde, fine Donner en Van Bijsterveld Beide ministers jouwe yn it brief ek oan dat der net besunige wurde sil op it lanlike budzjet dat beskikber is foar de Omrop. It kabinet sil it budzjet fan de nije lânlike publike organisaasje wol mei tweintich persint werom bringe. Deputearre Jannewietske de Vries is bliid mei it brief. De Vries: ‘It betsjut dat it regear each hat foar de aparte posysje fan it Frysk en fan Omrop Fryslân. En dat it net frjemd is dat wy ús dêr as provinsje ek foar ynsette bliuwe wolle.’
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.