Partoer Dantuma c.s. wint Haaijehoekpartij
BROEKSTERWALD – Foar de tredde kear waard de Haaijehoekpartij ferkeatst. Dit is in partij foar 60 – plusser. Nei in spannende pûlfaze koene de partoeren fan Tjalling Kooistra cs en Jouke Dantuma cs. Harren opmeitsje foar de finale.

Yn in poep en in skeet rûnen Tjalling en syn maten Dick Zeinstra en Pieter Hellinga út nei 5-1. Mar op it stuit dat Piet Peterson it taskôgerstal ferdûbele troch in karfol mei skiep syn greide yn te jeien, kantele de wedstriid. Wouter van der Meer, dy ’t dizze middei de measte sitbollen pleatste, fjurre fan dat momint ôf de iene nei de oare pripper rjochting it perk. Foarynse Gert Jan Kazimier krige wer wat kleur op syn behierre wangen doe ’t er lang om let wer ris in bal boppe sloech. Achterynse Jouke Dantuma rekke benammen yn it tuskenspul op dreef. Stadichoan waard it gigantysk gat tichtmakke.
Nei ’t Tjalling Kooistra syn gastrocnemius spier wegere om tsjinst te dwaan, like it pleit besljochte foar syn partoer. Dochs waard it noch 5 -5 en 6 -6. Mei alles oan ’e hang wist Gert Jan Kazimier de grutte keats foarby te slaan.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.