Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling
Op woansdei 4 april kriget pjutteboartersplak De Hamsterkes, Amarins Kindcentrum Droegeham it sertifikaat ´Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling´.
Op woansdei 4 april kriget pjutteboartersplak De Hamsterkes, Amarins Kindcentrum Droegeham it sertifikaat “Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling”. It sertifikaat wurdt oerlange troch wethâlder Marten van der Veen, dy’t foar de gelegenheid ferklaaid is as Tomke. De bern sille earst yn optocht troch it doarp. De Hamsterkes is it twadde pjutteboartersplak fan Amarins Kindercentra dat it sertifikaat “Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling” fertsjinnet. Yn de gemeente Achtkarspelen binne mear pjutteboartersplakken al dwaande mei it trajekt.
Sertifisearring:
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen. It taalbelied hat as doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek ta goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.
Twatalich belied op Amarins Kindcentrum De Hamsterkes
Op De Hamsterkes wurdt it Frysk konsekwint oanbean troch de liedsters Aukje Bosgraaf, Ellen Helder en Stien Posthumus. De fêste frijwillichsters en stazjêres biede harren eigen taal oan, Frysk of Nederlânsk. It Nederlânsk hat fierder in fêst plak yn de taalaktiviteiten.
It pjutteboartersplak wurket mei de programma’s Piramide en de Sânglesrige. Stien hat in reguliere groep. Ellen wurket as tutor neist groepsliedster Aukje. Dat biedt romte ekstra begelieding te jaan oan bern dy’t dêr ferlet fan hawwe. Beide saken meitsje diel út fan it VVE-belied fan de gemeente Achtkarspelen. Sa is ek de basisskoalle aktyf dwaande mei belied op it gebied fan meartalichheid.
De fisitaasjekommisje hat ûnder oare it folgjende sein oer de Hamsterkes: “De liedsters soargje foar in taalrike omjouwing, sawol yn formele as yn ynformele situaasjes. It is te sjen dat de bern en de liedsters it tige nei ‘t sin ha!”
Provinsjale ûnderwiisbelied:
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 115 en is noch altyd groeiende.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.