Praat mar Frysk in Dantumadeel van start met ‘eigen’ artiesten

do. 16 oktober · 00:002008 · 00:00 · Archief RTV NOF

De gemeente Dantumadeel doet vanaf aanstaande vrijdag actief mee aan de ‘Praat mar Frysk’- campagne van de AFUK.

Freed 17 oktober sil der útein set wurde mei de  ‘Praat-mar-Frysk’-kampanje yn Dantumadiel. De ôftraap sil dien wurde troch artysten dy’t woartels hawwe yn de gemeente Dantumadiel, yn ‘e mande mei skoalbern.


Syb van der Ploeg syl bygelyks yn syn âlde basisskoalle sjonge de IBS De Boustien yn De Westereen en hy sil dat ek dwaan yn it gebou dêr’t hy syn earste leskes leard hat,   de IBS De Westreen yn de Westereen. Elske DeWall, Mink, Kramtried, New Sense Memory en RG komme werom op harren âlde skoallen dêr’t sy harren earste wurden Frysk leard hawwe. Dêrneist sil Griet Wiersma  sjonge  yn Wâlterswâld foar de bern fan KBS de Wynroas en de IBS Driesum. Yn it ramt fan dizze kampanje makket de ‘Praat mar Frysk’-peal in toernee troch de gemeente sadat eltsenien dy’t wat sizze wol in boadskip ynsprekke kin.


Troch dielname oan de ‘Praat mar Frysk’-kampanje wol de gemeente Dantumadiel ynwenners bewust meitsje fan har eigen taal en identiteit en de mearwearde fan meartaligens, ûnder oaren yn it ûnderwiis.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.