Praat-mar-Frysk’-kampanje yn Dantumadiel
Freed is Dantumadiel útein set mei de ‘Praat-mar-Frysk’-kampanje. De ôftraap fûn plak troch artysten dy’t harren woartels hawwe yn de gemeente ..
Freed is Dantumadiel útein set mei de ‘Praat-mar-Frysk’-kampanje. De ôftraap fûn plak troch artysten dy’t harren woartels hawwe yn de gemeente. De ôftraap fûn plak troch artysten dy’t woartels hawwe yn de gemeente Dantumadiel.S yb van der Ploeg wie bygelyks yn syn âlde basisskoalle IBS De Boustien te sjongen. Ek gie der op besite yn it gebou dêr’t hy syn earste lessen hân hat, de IBS De Westreen, Elske DeWall, Mink, Kramtried, New Sense Memory en RG giene ek werom nei harren âlde skoalle dêr’t se mei it Frysk grut brocht binne.
Dêrneist wy Griet Wiersma te sjongen yn Wâlterswâld foar de bern fan KBS de Wynroas en de IBS Driesum. Yn it ramt fan dizze kampanje makket de ‘Praat mar Frysk’-peal in rûngong troch de gemeente sadat eltsenien dy’t wat sizze wol in boadskip ynsprekke kin.Troch dielname oan de ‘Praat mar Frysk’-kampanje wol de gemeente Dantumadiel ynwenners bewust meitsje fan har eigen taal en identiteit en de mearwearde fan meartaligens, ûnder oaren yn it ûnderwiis.
© Foto’s: Sake Beerstra
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.