Prachtige jûn mei Noflik Tegearre
Saterdeijûn spile Toanielferiening Noflik tegearre harren tredde optreden en dermei ek de lêste fan dit seizoen. Dizze kear wie it yn de trije Doarpen yn Kollumersweach.
Saterdeijûn spile Toanielferiening Noflik tegearre harren tredde optreden en dermei ek de lêste fan dit seizoen. Dizze kear wie it yn de trije Doarpen yn Kollumersweach. Foarige wike wiene se yn de Trieme en freed yn de Westereen. De minsken yn ‘e seal ha genoten fan dizze spilers, dy’t stik foar stik wat moois delset ha.
It stik gie oer Berend Faber, dy’t al hast fiifentweintich jier troud wie mei Sippy. Ut in eardere ferhâlding hat er in dochter, Maaike, dêr’t er neat fan ôf wist. Dy wie no nei har heit op syk gien, mei help fan it TV-programma Spoorloos. Se hiene, sûnder dat Berend der erch yn hie, regele dat Maaike in keamer hierde by Sippy, dy’t by harren oan hûs in Bêd en Brochje hat.
As Berend in brief kriget fan Spoorloos, dêr’t ynstiet dat in frou him nei al dy jierren moetsje wol, brekt de panyk ut, want Sippy mei dêr ût noch yn neat fan witte. Mei help fan Sjoerd syn freon en kollega besiket er te rêden wat der te rêden falt. Hy wurket him lykwols hieltyd fierder yn de nêsten. Uteindelijk komt alles goed en hat Maaike har heit fûn.
De frou, dy’t de panyk brocht wie in frou, dy’t op mear plakken yn in hotels in oernachting boekte, mar dan weardefolle dingen meinaam. Sy waard arrestearje en krige de hânboeien om.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.