Presintaasje debútroman SKULD fan Jikke Olivier · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

Presintaasje debútroman SKULD fan Jikke Olivier

dinsdag 22 mei 2018

Sneontemiddei 19 maaie wie de presintaasje fan de debútroman SKULD fan Jikke Olivier yn Restaurant Herberg De Pater yn Dokkumer Nije Silen. Mids famylje en freonen krige sy it earste eksimplaar út hannen fan Johannes Bakker, foarsitter fan útjouwer KFFB. It tankwurd fan de skriuwster wie foar de útjouwer, de meilêzers en omslachûnwerpster Rieke Verbeek. Dêrnei lies se in fragmint út de roman foar.

De roman giet oer in heit en in dochter, dy’t achterbliuwe nei de selskeazen dea fan harren frou en mem. Tema’s yn it ferhaal binne: it ferlies fan in leafste, skuldgefoel, pesten en leafde. De roman is skreaun yn tagonklik Frysk en te lêzen foar jongeren en âlderen.

De roman SKULD is te krijen fia www.kffb.nl en yn de boekwinkels.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
Presintaasje debútroman SKULD fan Jikke Olivier · Foto('s): Eigen foto's
Presintaasje debútroman SKULD fan Jikke Olivier · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio