Priisútrikking Boulesklup Spel “It tichsteby” Aldwâld

di. 17 november · 13:12 · Sake Beerstra

ALDWALD – OP 16 novimber 2026 waarden de prizen útrikt oan de winners fan it seizoen 2026 fan de jeu de Boulesklup “it tichsteby” út Aldwâld.

RTV NOF | Sake Beerstra

Fan april oantemei oktober binne op de moaie banen by it MFC Hústerwâld yn Aldwâld de leden fan de Jeu de Boulesklup eltse moandeitejûn oan it jeu de Boulen. It is in gesellige klup dy’t meastal 3 ronden dogge. Tuskentiid even kofjedrinke en nei de tiid even gesellich neisitte. De leden komme net allinnich út Aldwâld, mar ek út Noard-East-Fryslân en Achtkarspelen.

Op 16 novimber 2026 wie de priisútrikking fan it ôfrûne seizoen. Hoewol de geselligheid foarop stiet wurdt der fansels it hiele jier fûl striid levere om op it ein de wikselbeker in jier yn hûs te hawwen. Ek de earste trije krije in beker. De earste 3 wienen dit jier: 1. Cornelis Fennema 2. Bean Krol 3. Goos Dijk De klup kin noch wol wat nije leden brûke.

Dus als je iets hebt om mee te socializen op een maandafspraak, schrijf je dan in voor het volgende seizoen (april 2027) telefonisch 06282192478. Je kunt ook eerst komen bekijken.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

RTV NOF | Sake Beerstra