Raze om protters

Dinsdag 08-10-2019
Waar:
Burdaard
Wanneer:
Zaterdag 19-10-2019
Sneon 19 oktober spilet Tryater Raze om protters yn MFC Het Spectrum te Burdaard. De Reisfoarstelling fan it Fryske teaterselsskip begjint om 20.00 oere. Raze om protters giet oer minsken dy’t hun bûtensletten fiele.

Om’t it liket oft de wrâld net foar hun makke is. Hoe bliuwst dan oerein? Yn it libben fan Doede (Raymond Muller) is in soad feroare. Der is gjin plak mear foar him by de sosjale wurkpleats en syn passy foar de dowesport driget foar him ûnbetelber te wurden. De maat is fol en hij easket in podium om tiid en oandacht te freegjen foar sýn libben. Yn Raze om protters nims Doede it publyk mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstmes. Eelco Venema skriuwt en regissearret Raze om protters.

Hy is by Tryater bekend as spiler, mar ûnderwilens hat er ek in flink oantal stikken skreaun. Eelco Venema set aktuele, maatskiplike fraachstikken oer soarch, partisipaasje, ynklusiviteit, sinjouwing en iensumheid om yn in tragikomysk skouspul tusken fjouwer spilers, wêrby’t er mei humor en empaty de soms skrinende werklikheden oan it ljocht bringt. In stik fol humor en tragyk.

terug naar overzicht

© Foto's: Bas de Brouwer


Vandaag op de radio

00:00-19:00 | RTV NOF Nonstop
19:00-21:00 | Country Trail
21:00-22:00 | Brasstime
22:00-00:00 | RTV NOF Nonstop
Klik hier voor programma- informatie