Stephanie Zuidema út Bûtenpost winner fan Frysk diktee Achtkarspelen
Stephanie Zuidema út Bûtenpost winner fan Frysk diktee AchtkarspelenStephanie Zuidema út groep 8 fan iepenbiere basisskoalle De Mienskip út Bûtenpost…
Stephanie Zuidema út Bûtenpost winner fan Frysk diktee AchtkarspelenStephanie Zuidema út groep 8 fan iepenbiere basisskoalle De Mienskip út Bûtenpost is de winner fan it Taalspultsje Achtkarspelen 2011 mei in skoare fan 75%. It twadde plak is foar Yke Dijkstra fan iepenbiere basisskoalle Lytse Wiman út Twizel (71%) en it tredde plak foar Jildou Kloostra fan basisskoalle De Mienskip út Bûtenpost (63%).
Woansdei 6 july hat Marten van der Veen, portefúljehâlder kultuer, de prizen útrikt. De winner hat in iPod krigen, de groep fan de winner trije boeken út de rige ‘De traveliers’ en alle learlingen út de groep fan de winner in Praat Mar Frysk-pakket en in cd mei folksferhalen út Achtkarspelen.
Yn it ramt fan it Frysk taal- en kultuerbelied hat de gemeente Achtkarspelen yn 2010 it ‘Taalspultsje Achtkarspelen’ ûntwikkele litten troch de Afûk. Mei dit digitaal Frysktalich diktee wol de gemeente de boargers op in tagonklike wize yn kontakt bringe mei it Frysk. Foar it taalspultsje fan dit jier is in nij Frysk diktee betocht mei tsien sinnen oer Simke Kloosterman út Twizel. It diktee fan 2011 en dat fan 2010, dat oer de doarpen yn ús gemeente giet, stean beide op ‘e webside fan gemeente Achtkarspelen. Fia it Frysktalich diel fan de webside www.achtkarspelen.nl kin eltsenien no meidwaan oan beide taalspultsjes.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.