Stichting Culturele Commissie De Pleats en Jongereintoaniel Kom mar op! winners kultuerprizen Tytsjerksteradiel · Foto('s): Gemeente Tytsjerksteradiel
  Gemeente Tytsjerksteradiel

Stichting Culturele Commissie De Pleats en Jongereintoaniel Kom mar op! winners kultuerprizen Tytsjerksteradiel

woensdag 31 mei 2023

BURGUM – Stichting Culturele Commissie De Pleats út Burgum en Jongereintoaniel Kom mar op! út Suwâld binne de winners fan de kultuerprizen 2023 yn Tytsjerksteradiel. Dat waard tiisdeitejûn 30 maaie bekend makke yn it gemeentehûs yn Burgum. ‘Wat is der in soad talint op it mêd fan kultuer yn ús gemeente, ik bin bliid dat ik gjin taak hie yn de sjuery’, sei wethâlder Tytsy Willemsma by it útrikken fan de prizen. ‘Allegearre hawwe jimme in weardefolle bydrage levere oan it kulturele klimaat yn Tytsjerksteradiel.’

Kultuerpriis en Oanmoedigingspriis jong talint
De sjuery bestie út Marian Hulshof (byldzjend keunstner), Paula Voorthuijsen (sekretaris Stichting Karakteristyk Tytsjerksteradiel) en Adriaan Groffen (direkteur Cultuurlab Het Achterland). Foar beide kultuerprizen ha hja út de nominearren de winners keazen. Foar de ‘Kultuerpriis Tytsjerksteradiel 2023’ wiene acht kandidaten nominearre.

  • Toanielferiening De Snieskeppers, Jistrum
  • Modèstodûns Friesland, Burgum
  • Esmeralda Arends, Hurdegaryp (gedichten en gebaretaal)
  • VAKwerk, Hurdegaryp (organisearret eksposysjes byldzjende keunst)
  • Dorpsbelang Gytsjerk (inkele keunstwurken pleatst)
  • Culturele commissie De Pleats, Burgum (organisearret kulturele gearkomsten op it mêd fan literatuer, muzyk, toaniel)
  • Easterbarren (strjitfestival Eastermar)
  • MRV Tesselschade (toanielferiening Hurdegaryp)

Foar de ‘Oanmoedigingspriis jong talint Tytsjerksteradiel 2023’ wiene gjin kandidaten oanmeld, mar hat de sjuery sels trije kandidaten nominearre.

  • Jisse Kuipers, Hurdegaryp (12-jierrige trombonist)
  • Jongereintoaniel Kom mar op!, Suwâld
  • Het Stationnetje, Hurdegaryp, Burgum en Bûtenpost (set him yn foar it sosjaal wolwêzen fan jongerein)

Kultuerprizen Tytsjerksteradiel

De ‘Kultuerpriis Tytsjerksteradiel’ kent de gemeente ta oan in persoan of organisaasje dy’t de ôfrûne twa jier in weardefolle bydrage levere hat oan it kulturele klimaat yn de gemeente. De ‘Oanmoedigingspriis jong talint Tytsjerksteradiel’ is bedoeld as oanmoediging foar jongerein dy ’t de ôfrûne twa jier in bysûndere prestaasje levere hat op it terrein fan kultuer. De winner fan de ‘Kultuerpriis 2023’ krijt in bedrach fan € 1.000 en de winner fan de ‘Oanmoedigingspriis jong talint 2023’ in bedrach fan € 500.

Foto 1: F.l.n.r. Piet Kuiper fan Culturele Commissie de Pleats, wethâlder Tytsy Willemsma en Mirjam Ros fan ‘Kom mar op!’

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
Stichting Culturele Commissie De Pleats en Jongereintoaniel Kom mar op! winners kultuerprizen Tytsjerksteradiel · Foto('s): Gemeente Tytsjerksteradiel
Stichting Culturele Commissie De Pleats en Jongereintoaniel Kom mar op! winners kultuerprizen Tytsjerksteradiel · Foto('s): Gemeente Tytsjerksteradiel
  Gemeente Tytsjerksteradiel

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio