Tink om ?e buorlju
De Ljussemer toanielploech “Mei Nocht foar’t ljocht.” hat freed en sneon wer garant stien foar twa noflike jûnen toaniel. Se spilen it stik; Tink om ‘e buorlju, in fleurich stik fan Hans van Wijngaarden. Beide jûnen wie de seal moai beset en koene de minsken genietsje fan in stikje Fryske folkloare. Kristien Hoekstra -Westra en Jolanda Wytsma regisearren it stik en ynstekster wie Sjoerdtje Bakker-Visser. Foar it grimearjen soarge Jikke Sytsma.
De Ljussemer toanielploech “Mei Nocht foar’t ljocht.” hat freed en sneon wer garant stien foar twa noflike jûnen toaniel. Se spilen it stik; Tink om ‘e buorlju, in fleurich stik fan Hans van Wijngaarden.Beide jûnen wie de seal moai beset en koene de minsken genietsje fan in stikje Fryske folkloare. Kristien Hoekstra -Westra en Jolanda Wytsma regisearren it stik en ynstekster wie Sjoerdtje Bakker-Visser. Foar it grimearjen soarge Jikke Sytsma.
Jan van Dalen (Gerben Hoekstra) en Klaske syn frou (Minke Wytsma) spylje de sleutelrol yn dit stik. Sy moatte fjouwer wike op it hûs fan harren buorman dokter Pil, passe. Dizze en syn frou ha by syn jubileum in reis oanbean krige. It doarp hat dizze reis bekostige. No hat it feest gâns mear jild koste as de kollekte opbrocht hat en dit bringt Jan van Dalen, as skathâlder fan de feestkommisje, yn problemen. Hy besiket it hûs no te ferhieren oan fakânsjegongers. Syn frou fielt der net safolle foar mar de ferhier giet al troch. Kees fan Aalst en syn frou Kobe, spile troch Marten Hoekstra en Tiny Schregardus komme der op ôf. Mar dan komt ûnferwacht ek Jos de dochter fan de dokter in wykeintsje nei hûs en hjir wie fansels net op rekkene. Kees kin yn’t begjin mar amper de eagen fan har ôfhâlde. It soarget fansels ek foar in soad betizing want hoe moatte de buorlju dit sjen te ferdútsen. It slagget harren wûnderwol om der in leauweardige draai oan te jaan. Mar as Jos har freon, Aart Schilperoort spile troch Douwe Hiemstra, op it aljemint komt, wurdt it al yngewikkelder. Ek letterlik want hy wurdt troch Kobe fan ynbrekken fertocht en dertroch wurdt er mei teedoeken fêstmakke. En dan is Klara (Grytsje Haaksma) der noch, sy is op fakânsje yn it doarp en komt mei allegear klachten by ‘dokter’ Kees. Dy’t fansels gjin dokter is en allegear dubieuze advizen oan Klara jout. Úteinlik wurket it ek noch. Koartom in stik fol kolder en komyske taferelen delset troch in ploech dy’t de rollen wer op it liif skreaun wienen.
© Tekst: T Stiemsma / © Foto’s: Mynke Hoekstra
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.