Toaniel Damwâld 25 jier
Yn 1984 betochten twa mannen dat it tiid waard dat der yn Damwâld ris yn toanielferiening komme soe. Hja setten een stikje yn’e krante en yn in
omsjoch hienen se…
Yn 1984 betochten twa mannen dat it tiid waard dat der yn Damwâld ris yn toanielferiening komme soe. Hja setten een stikje yn’e krante en yn in omsjoch hienen se sa’n 15 minsken byelkoar, genôch om fuort mar te begjinnen en sa krigen se it meielkoar klear, dat dér op de oprjochtings gearkomste in namme betocht waard, in oefenjûn ôfpraat, in bestjûr gearstald en in regisseur foar de ploech kaam.
It earste stik dat hja spylen hiet : Mouike hat it wol witten, en wie san succes dat dér fuort in extra foarstelling komme moast. Sa is it ek altyd bleaun, twa, somtiden trije, jûnen spylje al sa’n 25 jier. No nei 25 jier is it tiid foar in feestje en dat sille se yn Damwâld witte ek, in iepenloft revu wurdt spyle op it iisbaanterrein/keatsfjild yn âld Ikkerwâld, it plak wér ’t de revu fan Tetman de Vries wol sa’n 5000 minsken genietsje liet fan har, de tiid hâldt gjin skoft.
De tiid hâldt gjin skoft en dérom fiere wy as toanielselsskip ek ús 25 jierrrich jubileum mei en foar jim en hoopje dan ek dat jimme dit feest mei ús fiere wolle, de jûnen binne 12 17 19 en 20 juny en begjinne jûns om 21.00 ûre. De tagong is 12,50 en kaarten binnen te krijen by Primera yn it Winkelsintrum en op de Halewei 48. Telefoanysk; 06-21396507 en fia de webside www.revudamwald.nl
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.