Toanielferiening Bienze Westra spilet ?Gjin bern ha wolle, mar wol krije?
Nei moannen fan oefenjen binne wy der klear foar! Op freed 20 en saterdei 21 jannewaris sille wy in dolkomyske klucht fan Bernd Gombold foar it ljocht bringe. Gjin bêrn ha wolle, mar wol krije.
Nei moannen fan oefenjen binne wy der klear foar! Op freed 20 en saterdei 21 jannewaris sille wy in dolkomyske klucht fan Bernd Gombold foar it ljocht bringe. Gjin bêrn ha wolle, mar wol krije. (Een baby om te stelen) yn in fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra.
De frou fan de boargemaster hat wiken nei in kuuroarde west, mar wat is der mei har bard? Nei har thuskomst wurdt it mar in frjemde boel op it oars sa rêstige gemeentehûs. It is in kommen en gean fan ferskate persoanen.
Swalker Koert komt nei moannen wer ris lâns. Hy hat in goede bân mei de gastfrije siketaresse Afke, mar oft hy ferskynt bart der altiten wol wat frjemds. De mem hat it net sa op him stean en sjocht him it leafst sa gau mogelik ferdwinen. Sy hat it mar wakker drok mei de karriere fan har soan Titus, de boargemaster. Gemeentearbeider Berend is ien fan de âlde stimpel, hy hat bygelyks al wat oan syn biezemstok hingjen, mar wat?.
Plysje Bos komt mei syn assistint Wapstra melden dat der foar it earst in earnstige misdied yn de gemeente plak hat fûn. De bourfrou Frou Typstra wit daliks al dat de swalker Koert hjir de hân yn hat. De boargemaster hat it mar dreech mei al dizze swierrichheden, hy komt net mear oan syn wurk ta.
Oan de ein fan it stik komme wy stadichoan te witten hoe’t alles yn elkoar stekt, mar dat ferklappe wy fansels noch net.
It stik wurdt spile op 20 en 21 jannewaris (20.00 oere)yn Doarpshûs “Hústernoard” te Aldwâld. Op saterdeijûn is der nei ôfrin musyk fan de MelodyMakers. De ôfrûne jierren wie it in drokke en moaie jûn, dus kom op tiid!
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.