Trettjin dielnimmers nei twadde ronde Liet 2020 · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Trettjin dielnimmers nei twadde ronde Liet 2020

woensdag 02 september 2020

LEEUWARDEN – Foar it Fryske sjongfestvial Liet 2020 hawwe trettjin dielnimmers harren kwalifisearre foar de twadde ronde. Dat hat organisaasje Stichting Liet ’91 tiisdei bekend makke. Uteinlik bliuwe der acht akts oer dy’t yn de finale op freed 6 novimber yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert stride om de oerwinning. Yn de tuskentiid mei it Fryske publyk yn in digitale stimming bepale wa’t sy de bêste fine fia www.liet.frl. De publyksstimming set begjin oktober útein.

De seleksjesjuery – dy’t bestiet út singer songwriter Esther de Jong, radiopresintator Wim Brons en muzykdosint Willo de Bildt – hat alle 22 ynstjoerde nije Frysktalige lietsjes beoardiele. De trettjin dielnimmers dy’t talitten binne ta de folgjende ronde binne: Duo Dronkers & Alinda, Vocal Roses, Sample Text, Bant, Fegebart, Douwe Dijkstra, Fryaz, Fisk & The Stereo Machine, Janneke de Boer, Jilt & Bruno, Volk!, Bokke en de Heidehippers en Mosken.

De twa akts dy’t de measte stimmen fan de Fryske befolking krije, pleatse harren streekrjocht foar de finale. De oare seis finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery. Yn de finale sille fiif nije sjueryleden de beoardieling foar harren rekken nimme. De kommende moanne krije alle trettjin selektearre akts in live-optreden yn it muzykprogramma Noardewyn by Omrop Fryslân radio & tv. “Der is dit jier in soad ferskaat wat ynstjoerings oanbelanget”, neffens Liet-foarsitter Gerard van der Veer. “Njonken tradisjonele ferskes sjogge wy dat dielnimmers ek wat mear it eksperimint sykje. In moaie ûntjouwing.”

Yn septimber set Liet útein mei it coachingsprojekt foar de oerbleaune trettjin dielnimmers. Op kosten fan de organisaasje meie de dielnimmers muzykcoach Janneke Brakels ynhiere foar in sparringssesje om te wurkjen oan it optreden foar de finale.

Foar mear ynformaasje: Tjallien Kalsbeek, Stichting Liet ’91, 06 – 53 13 79 82.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio